Tim Prins rekket wrâldtitel by de junioaren kwyt, mar pakt wol brûns op 500 meter

Op de earste dei fan it wrâldkampioenskip foar junioaren hat reedrider Tim Prins syn wrâldtitel op de 1.500 meter ferlern. Hy wûn wol brûns op de 500 meter. De Jouster helle dêrneist de finale fan de massastart.
Foarich jier einige Prins op de 500 meter noch bûten de medaljes mei in fiifde plak, mar hy slagge der freed wol yn om in tredde plak te heljen. Mei syn 35,73 wie er wol flink stadiger as winner Jordan Stolz. De Amerikaan dûkte ûnder de 35 sekonden en finishte yn 34,95.
Dêrmei wie de topfavoryt, want dat is Stolz, twa hûndertsten flugger as de Japanner Issa Gunji. Dy pakte it sulver.
Teloarstellende 1.500 meter
Op de 1.500 meter ferdigene Prins de wrâldtitel, dy't er foarich jier helle yn it Eastenrykse Innsbruck. Hy ried foar Stolz, mar wist nei syn rit al dat syn 1.48,45 net genôch wêze soe foar in medalje. De rider fan it Gewest Fryslân waard sânde. Yn de slotronde ferlear Prins tefolle tiid.
Stolz wie in klasse apart en wûn goud yn 1.45,17. It ferskil mei nûmer twa Kotaro Kasahara wie hast twa sekonden.
Twadde yn allroundklassemint
Neist de titels foar de fjouwer ôfstannen (500, 1.000, 1.500 en 5.000 meter) is der ek noch in allroundtitel te fertsjinjen. Dêryn stiet Prins healweis op it twadde plak. De efterstân op Stolz is wol grut: hy moat sneon op de 1.000 meter 3,75 sekonde goedmeitsje. Dêrnei stiet ek de 5.000 meter noch op it programma.
Snein rydt Prins noch de ploege-efterfolging, de teamsprint en de finale fan de massastart.