Minister: yn 2030 moat lânbousektor 41 persint minder stikstof útstjitte

Minister Christianne van der Wal © ANP
De lânbousektor moat yn 2030 41 prosint minder stikstof útstjitte as no. Dat stiet yn in brief fan minister Christianne van der Wal fan Stikstof oan de Twadde Keamer.
De lânbousektor is net de iennige sektor dy't in foarse reduskje trochfiere moat. De yndustry en de ferfiersektor moatte harren útstjit respektyflik mei 38 en 25 persint ferminderje.
It kabinet wol dat pykbelesters al dit jier begjinne mei it ferminderjen fan de útstjit. Om dat te realisearjen wol it ministearje yn april al yn petear gean mei dizze bedriuwen. It giet dan om bedriuwen dy't de measte stikstof útstjitte of ticht by in Natura2000-gebiet sitte.
De bedriuwen krije de mooglikheid de útstjit foars werom te bringen en it wurkjen oan fiergeande ferduorsuming. Ek is ferpleatsing of ophâlde in opsje, sa skriuwt minister Van der Wal yn har brief.

Finansjele regelingen

Om't it grutte ympakt hat, komme der finansjeel oantreklike regelingen. Ek kinne boeren en oare bedriuwen help krije by it meitsjen fan in kar. Der binne yntusken 3.000 pykbelesters yn kaart brocht yn Nederlân.
Hokker dêrfan yn Fryslân sitte is noch net wis. Der komt in webside online om de pykbelesters yn de agraryske sektor en yn de yndustrysektor by te stean. Der is noch in soad ûnwis oer hoe't rekkene wurdt.
De ferdieling falt heger út foar de lânbou. Dochs fynt Van Der Wal dat in 'evenwichtige verdeling'. Ammoniak komt yn de boaiem en is in gruttere belesting as fan de stikstof dy't troch de lucht komt.

Begelieding

It kabinet sil minsken opliede om boeren en bedriuwen te helpen yn it begelieden fan dit proses. Yn april begjint it kabinet mei de oanpak. Troch de oanpak fan de pykbelesters komt der ek mear romte foar de PAS-melders.
Dit binne bedriuwen dy't mei tastimming fan de oerheid te folle stikstof útstjitte, mar dat troch de fingers sjoen waard. De rjochter helle ferline jier in streek troch dizze ôfspraak en dus kamen dy bedriuwen ekstra yn de knipe.

Provinsje wol earst brief lêze

Benammen de plannen op lânbougebiet ha gefolgen foar Fryslân. Dochs wol it kolleezje fan Deputearre Steaten no noch net reagearje op de brief. Se wolle de brief earst yngreven lêze om te sjen wat de konsekwinsjes krekt binne. Tiisdei komt it kolleezje dan mei in ynhâldlike reaksje.
Earder stelde it provinsjebestjoer al mei in alternatyf plan te kommen. Foar 1 july moatte alle provinsjes yn Nederlân mei in earste plan foar de oanpak fan stikstof komme. Elk gebiet binnen de provinsje moat beskreaun wêze en de manier wêrop't sy dat oanpakke wolle. Dy plannen hoege noch net folslein klear te wêzen en kinne letter noch oanpast wurde.
Wat is stikstof?
Stikstof is in gas dat oeral om ús hinne is, mar dat je net rûke of sjen kinne. Stikstof is op himsels net skealik, mar yn twa ferbiningen wol. Stikstofoksiden (in kombinaasje fan stikstof en soerstof) of stikstof yn kombinaasje mei ammoniak. Stikstofoksiden komme yn de lucht troch útlitgassen fan bygelyks auto's of de yndustry. Ammoniak komt troch de dong fan kij of keunstdong. In diel fan de dong ferdampt en komt yn de lucht. Dat slacht del op natuergebieten en soarget foar it útstjerren fan planten.

Stikstof is nedich om de natuer yn stân te hâlden, mar te folle stikstofútstjit is in gefaar foar planten. Dat hat wer útwurking op ynsekten dy't helpe by it ûntwikkelje fan gewaaksen. It kabinet wol de stikstofútstjit nei beneden helje om de natuer te beskermjen.