Rie fan Steat: streek troch stadionferbod foar fanatike sc Hearrenfean-supporter

Supporters fan sc Hearrenfean sûnder stadionferbod © Orange Pictures
De Rie fan Steat hat foarearst in streek set troch it stadionferbod fan in fanatike supporter fan sc Hearrenfean. De bestjoersrjochter yn Grins hie dat earder al dien, mar boargemaster Tjeerd van der Zwan hie in spoedfoarsjenning frege by de Rie fan Steat.
De 32-jierrige man hat al seis jier in ferbod foar it Abe Lenstra Stadion. De boargemaster lei it stadion- en gebietsferbod oan de supporter op, om't dy yn it ferline by slimme fuotbalrellen en gefjochten belutsen west hat.
De frees fan boargemaster Van der Zwan dat de oanwêzichheid fan de supporter yn en om it stadion noch hieltyd grutte risiko's opsmyt, dielt de heechste bestjoersrjochter net. De man soe al seker fiif jier net mear by ynsidinten belutsen west hawwe.
Dat betsjut dat de man kommende sneintemiddei by de wedstriid tsjin Feyenoord alwer op de tribune sitte mei.

Mooglik goed nijs foar oaren

Letter dit jier folget yn Den Haag noch de boaiemsaak. Dêryn wol RfS yngeand útsykje oft it stadionferbod fan Van der Zwan wol yn oerienstimming is mei de Gemeentewet en oft in stadionferbod fan mar leafst seis jier lang wol reedlik is.
De spoedútspraak fan de Rie fan Steat is mooglik goed nijs foar 22 oare supporters fan sc Hearrenfean, sa tinkt de advokaat fan de 32-jierrige supporter. Sy meitsje no miskien ek kâns om harren stadionferbod fan tafel te krijen.