Fan tiisdei ôf stakings by kofjeprodusint Douwe Egberts op De Jouwer

Fakbûnen CNV en FNV roppe it personiel fan kofjebedriuw Douwe Egberts op ta in staking. Dat dogge sy nei't der freed in ultimatum ferrûn is.
De stakings begjinne neffens de FNV sneintejûn yn it fabryk yn Utrecht. Dêr soene meiwurkers 48 oeren it wurk dellizze. Fan tiisdeitemoarn ôf folget dan it fabryk op De Jouwer. Yn totaal wurkje sa'n 1.800 minsken yn beide fabriken.
De bûnen easkje dat it lean fan wurknimmers like hurd tanimt as de ynflaasje. It kofjebedriuw wol dêr net yn meigean. Neffens Adem Akdeniz fan it FNV ha meiwurkers 'duidelijk aangegeven hoe ontevreden ze zijn met de loonsverhoging die het bedrijf hun dit jaar wil geven'. Neffens de FNV soe it gean om in leansferheging fan 6 persint mei in ienmalich ekstraatsje fan 500 euro.
Fakbûn CNV hat in leansferheging fan 8 persint easke, plus struktureel 100 euro. "Een redelijke reparatie van de inflatie", sa seit CNV-bestjoerder Nyske Boelens. "Vooral die structurele 100 euro is belangrijk. Met name de onderste schalen hebben daar profijt van."
Hoe lang de aksjes duorre sille en wat de gefolgen derfan binne is noch net dúdlik.