HEA! De folkskeunstsamling fan Pilat

HEA! De folkskeunst fan Gjalt Pilat
Frysk ierdewurk, âlde klokken, ryklik bewurke houten foarwerpen. It is allegearre te finen yn de kolleksje Fryske folkskeunst fan Gjalt Pilat fan Twizel. Echt ambachtswurk, mei in soad each foar detail en dekoraasje.
It is wol bysûnder, want de meubels dy't Pilat sels ferkeapet binne modern, strak en mei rjochte linen. Mar mei de samling yn syn priveemuseumke op souder wol Pilat graach it âlde ambacht bewarje foar de neiteam. Want dy histoarje mei net ferlern gean en der moat wurdearring foar it hânwurk bliuwe, fynt hy.