Wietze libbet op in kruserke: "Net ien is in fuotfeech, hoe min oft je it ek hawwe"

Wietze op syn boat © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Earmoed is net in kar. It kin je oerkomme om't der saken misgean en it dreech is om it libben wer op 'e rit te krijen. Wietze Harm (38) wennet op in kruserke. Hy rêdt him, mar net op de wize dy't elts gewoan fynt. De boadskippen fan de Voedselbank binne foar him tige wolkom.
Wietze syn boat is in lyts ûnderkommen mei in houtkacheltsje dat de boel in bytsje waarm hâldt en in minykeukentsje. Hûn Bauke leit rêstich te sliepen. Sy liede in swalkjend bestean. Wietze Harm mei op freeds in skoftke oan de wâl op De Jouwer lizze om syn pakket op te heljen en om by famylje op besite te gean.

Burn-out en dakleas

"Ik hie flink wat stress en in burn-out. Ik haw sels net folle oantinkens oan dy tiid", fertelt er as hy tinkt oan de tiid dat hy út it wurk rekke. Wietze Harm wie kraanmasinst en ried op de shovel.
Earmoed kin eltsenien oerkomme. Hieltyd mear minsken meitsje gebrûk fan de Voedselbank, want rûnkomme yn dizze tiid wurdt allinnich mar lestiger. Omrop Fryslân folge dêrom juf Bianca, kraanmasinist Wietze Harm en âld-militêr Rob. Alle trijen fregen om help en hiene dêr ferskate redenen foar.
Fan tongersdei oant en mei sneon binne de reportaazjes te sjen yn it telefyzjeprogramma Fryslân Hjoed (fan 17.00 ôf mei elk oere in werhelling). En op 12 febrewaris stiet it radioprogramma Buro de Vries yn teken fan dizze ferhalen.
"Myn tsjinsten wienen fan 7.00 oere moarns oant 16.00 oere middeis. Dan gie ik troch om noch in tsjinst te dwaan fan 18.00 oere jûns oant 06.00 oere moarns. Ik slepte dan yn de auto, sadat ik dêrnei wer in tsjinst oppakke koe. Dat gie op in gegeven stuit mis."

"Je libje, mar dat is it ek"

Wietze Harm krige in burn-out en waard dakleas. "Ik haw twa jier sûnder ynkommen sitten. Ik hie hielendal neat. Je libje, mar dat is it ek. Aldergeloks haw ik in soad minsken om my hinne en dy litte my net sakje."
"Net ien is in fuotfeech, hoe min je it ek hawwe"
Dan fynt er in plak dêr't er him wol goed fielt: hy wennet in hiele simmer yn in iepen sylboat. "Wat mear tsjinslaggen ik haw, wat mear ik der tsjinoan fjochtsje. De gemeente wol my yn in hûs hawwe, mar dat wol ik net. Ik bin in man fan frijheid. As ik yn in hûs sit, komme de muorren op my ôf."
Fan dy sylboat kaam hy úteinlik op de wenboat terjochte, dêr't hy noch hieltyd op wennet. In fêst plak hat er net. Ien kear yn de wike mei er de boat wol oanlizze by de Tolhûsbrêge op De Jouwer sadat hy syn iten en drinken foar de wike ophelje kin by de Voedselbank.
De kruser fan Wietze © Omrop Fryslân
"Ik fyn it oan de iene kant ferskriklik dat in Voedselbank nedich is. It is moai dat it sa kin, mar spitich dat it sa is. It skeelt my krekt wer dat stikje dat ik de boat yn de ferve krij of wat disel yn 'e tank haw. Ik moat it hjir ek in bytsje waarm hâlde."
Al fynt Wietze Harm dat hy ek wer net sa ôfhinklik is fan syn pakket. "Sûnder rêd ik it ek wol. Sit der mar net oer yn. Oars fang ik wol in ein en fret ik dy wol op. Ik lit my net ôfstjerre."
Wietze pakt it iten út © Omrop Fryslân
Hoewol't Wietze Harm hiel tankber is foar de Voedselbank, hat er wol lêst fan de mieningen dy't minsken der ek oer ha. "Der wurdt wol oer oardiele, mar minsken witte net watfoar eftergrûn der by sit. Wy binne allegear minsken. Ik sjoch de iene nei de oare dy't it net rêdt."
Ik haw tusken de swalkers en junkies sitten yn Ljouwert. Ik haw somtiden mear respekt foar dy minksen as foar it gewoane folk dat it wol foarinoar hat.
Wietze Harm
Hy seit ek: "Ik haw tusken de swalkers en junkies sitten yn Ljouwert. Ik haw somtiden mear respekt foar dy minksen as foar it gewoane folk dat it wol foarinoar hat. Net ien is in fuotfeech, hoe min oft je it ek hawwe."
Bauke, de hûn fan Wietze © Omrop Fryslân
As it in bytsje kin, wol Wietze Harm wer oan it wurk. "Mar ik wol ek wolris wat te hurd. De lêste kear gie dat ek mis. Ik kin de druk hiel lang oan, mar op in gegeven momint hâldt it op en dy grins ken ik net goed. Ik wol earst alles op de regel hawwe en alles besjen."

Libje yn it no

Wietze libbet by de dei, seit er. "Minsken libje hjoed-de-dei folle mear yn it ferline en yn de takomst as dat se yn 'the present' libje. Eltsenien hat it der oer hoe min oft se it hân hawwe, mar ik bin gelokkich mei hoe't ik it no haw. Dêr wol ik fan genietsje. Ik sjoch wol wêr't it skip bedarret."