Campus-debat oer in sirkulêr Fryslân: "It giet net om striid, mar om oplossingen"

It debat by Campus Fryslân © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De spanning rint op by de politisy dy't meidogge oan de Provinsjale Steateferkiezingen. Tongersdei wiene 11 politike partijen te gast by Campus Fryslân yn Ljouwert. "Wy roppe se op om inoar te finen yn dizze tiden fan polarisaasje."
De kampanjes binne yntusken úteinset en de earste debatten yn de oanrin nei 15 maart binne der al.
It sintrale tema fan de jûn dy't troch de studinten organisearre waard, wie sirkulêr Fryslân. Oftewol: hoe soargje je derfoar dat je yn de takomst neat mear fuortsmite en alles op 'e nij brûke?
"Dat is in ûnderwerp dat libbet by de jongelju, lykas it klimaat", fertelt studint Titia Groenhof, dy't it debat ek organisearre.
Dielnimmers oan it debat © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Der wiene sa'n tachtich studinten nei it debat kaam. Der waard praat oer wynmûnen, duorsumens, lânbou en stikstof. Jongelju hawwe soargen oer de takomst en wolle witte wat provinsjale politisy dogge oan it behâld fan de natuer en it milieu.
Dy politisy wiene no noch freonlik foar inoar en koene it op in soad terreinen mei-inoar fine. No noch wol, en dêr is Titia Groenhof wiis mei. "It giet net om striid, mar om oplossingen. Dan krije je in bettere wrâld."