Hoalen, spoaren en keutels: it liket goed te gean mei de nije kninen op Flylân

Ien fan de kninen by it útsetten op Flylân © Omrop Fryslân, Remco de Vries
It liket goed te gean mei de Rotterdamske kninen dy't in moanne lyn op Flylân útset binne, dêr makket Steatsboskbehear melding fan. De kninen wiene bedoeld om de populaasje te fersterkjen.
Boskwachter Bertwin Bergman fertelt op sosjale media dat er ôfrûne wike wer op de lokaasje west hat dy't foar de kninen ynrjochte is. "We zien belopen holen, graafsporen en latrines", sa skriuwt hy. "Ook wekelijks met nachtkijker zien we hier konijnen lopen." En dat is goed nijs foar de Flylanner natuer.

Dúnkninen nedich

Troch sykte, yntylt en ferrûging wiene der noch mar sa'n 50 kninen oer op it eilân. Dêrom binne der 26 kninen fan de Maasvlakte by Rotterdam oerbrocht. Twa tredde wiene froutsjes dy't mooglik al wat jonge knyntsjes meinamen.
De nije kninen litte har spoaren efter © @Bosw8erBertwin
Mei meiwurking fan ûnder oare it Rotterdamske havenbedriuw is it slagge om se te fangen en nei it Waad te bringen. Steatsboskbehear hat in dúngebiet preparearre foar de kninen troch te meanen en in flechtgong te meitsjen.
De natuer kin it dúnknyn goed brûke, want troch it graven en fretten fan de kninen ûntstiet der wer plak foar bepaalde planten, ynsekten en fûgels.