GGD slút testlokaasjes om't it personiel hieltyd mear yn tomkedraaien ferfalt

Personiel op in testlokaasje © ANP
De GGD slút nije wike fjouwer fan de fiif coronatestlokaasjes, om't der hast gjin minsken mear komme. Allinne de lokaasje yn Ljouwert bliuwt noch iepen, benammen foar soarchpersoniel.
Op ferskate plakken hawwe de teststrjitten sa'n trije jier iepen west. Mar no't it selstesten in gewoante wurden is en in soad minsken faksinearre binne, is de needsaak der net mear.

Ien lokaasje bliuwt sawiesa iepen

Neffens Derk Moor fan de GGD Fryslân komme der maksimaal noch inkelde tsientallen minsken op in dei. "Dan wordt het lastig om meerdere locaties open te houden." Ljouwert bliuwt foarearst wol iepen. "Je moet de faciliteit wel blijven aanbieden, daar vraagt de Rijksoverheid nog om. Dus dan doen wij dat."
De belangstelling foar it prikken is ek net tige heech mear, mar de minsken komme noch wol binnen. "Genoeg om ze open te houden. We hebben vijf vaste locaties en we prikken door de hele provincie heen op pop-upbasis. We houden wel een vinger aan de pols of het nodig is."
De GGD hat net folle sicht mear op de fersprieding fan it coronafirus, dat is der allinne noch op basis fan mjittingen út it rioelwetter. "De laatste cijfers waren heel laag. Maar het is nog wel onder ons, want je hoort nog steeds mensen die besmet zijn."