De Welle smachtet nei de nijbou, want mei it Drachtster swimbad is it in behelpen

Swimynstrukteur Bas Miedema yn aksje yn it ynstruksjebad © Omrop Fryslân
Yn Drachten binne tongersdei de lêste hantekeningen set foar de bou fan it nije swimbad De Welle. It terrein wurdt al bouryp makke. It is de bedoeling dat de earste skeppe sa gau as mooglik de grûn yn giet.
Tiisdei kaam der in ein oan in lange diskusje yn de gemeenteried fan Smellingerlân. Sûnt 2008 is al dúdlik dat it swimbad ferfongen wurde moat. Der folgen stúdzjes, waard keazen foar renovaasje en dêr waard letter wer op weromkaam.
Mei it setten fan de hantekeningen is it offisjeel © Omrop Fryslân
Yn 2017 foel de kar op nijbou op in oare lokaasje, yn 2020 waard dúdlik dat dy oan de Sportleane komme moast. Troch al it útstel rûnen de kosten al op: Smellingerlân moast 12 miljoen euro bylizze.
De Welle smachtet nei nijbou
"Sjoch, dit is in stik fan ien fan de startblokken, nûmer 4", seit manager Mireille Bardis fan De Welle. Sy wiist nei in stik keunststof dat ien fan de monteurs yn hannen hat.
Bardis lit de masinekeamer sjen. "Dat is in skeakelkast út de jierren '80. Dizze liedingen út de jierren '90 en de grutte wettersuveringsynstallaasjes binne fan ein '70, begjin '80."
Yn dy lêste ynstallaasjes sit op it stuit it grutste risiko, stelt Bardis. "As ien stikken giet kinne we him moannen net brûke. Der binne kwealik ûnderdielen en as der al in nijen ien komme moat, dan moat it dak der ôf om him derút te krijen."
Bas Miedema © Omrop Fryslân
Yntusken ropt swimynstrukteur Bas Miedema oan de badrâne in tsiental âldere froulju ta. "Tik nu met de handen de benen aan", galmet it troch it bad. Miedema wurket al 30 jier op de lokaasje en is ek net fan doel gau op te hâlden.

Eltse dei lytse mankeminten

Miedema sjocht alle dagen wol dat it bad âlder wurdt. "It binne lytse mankeminten, mar it is eltse dei wol wat. Dan moatte wy wer wat slute, is der wer wat mei de glydbaan of de ynstallaasje. It wurdt wol tiid foar wat nijs."
De tegeltsjes op de grûn binne troch slitaazje net mear wyt te krijen hjir en dêr komt de ferve fan de muorren. "De gemeenteried tocht jierren lyn al dat der gau in nij swimbad komme soe, dus is der yn de tuskentiid gjin jild frijkaam foar in renovaasje", leit direkteur Evert Jan Siderius fan it sportbedriuw Drachten út. "It is behelpen," heakket Bardis ta.
De masinekeamer fan swimbad De Welle © Omrop Fryslân
It barde yn de ôfrûne moannen mear as ien kear dat de wetterkwaliteit net goed genôch wie en ien fan de baden ticht moast. "Skande foar de minsken dy't hjir komme", seit Siderius fan it sportbedriuw Drachten.
"It giet om de minsken dy't hjir swimme. Sjoch no yn it fyftichmeterbad: dêr in skoalle, hjir minsken dy't baantsjes lûke. Dan binne se ek noch dwaande yn it ynstruksjebad mei lessen. En no is it noch rêstich."

Trouwe swimmers

Sjoerd Punter is ien fan de minsken dy't al fan lyts ôf yn De Welle komt. Noch altyd komt er der alle dagen, allinnich net yn de wykeinen.
"It is hartstikke moai dat der in nij bad komt. Ik wenje der tichtby, dus ik kin der aanst yn de badjas hinne rinne." Sels fernimt der net in soad fan de fermindere kwaliteit fan De Welle. "Mar ik hear it wol fan de man fan it ûnderhâld dat der altyd wol wat te dwaan is."