Game yn in bakfyts wylst je de Alvestêdetocht fytse, en dat dan wer live útstjoere

Je nimme de Fytsalvestêdetocht, in bakfyts fol kamera's en de hoop op moai waar. Dat binne de yngrediïnten foar de manlju fan Power Unlimited, in moanneblêd oer kompjûterspultsjes.
Mei meardere teams fan twa man streame se harren fytstocht live op Twitch. Dat is in platfoarm op ynternet dêr't minsken harren eigen liveútstjoerings op meitsje kinne. Wylst der hieltyd ien persoan fytst, sit de oare yn de bak fan de bakfyts te gamen.
Game yn in bakfyts wylst je de Alvestêdetocht fytse, en dat dan wer live útstjoere
Haadredakteur Wouter Brugge fan Power Unlimited gie, mei gamesjoernalist Tjeerd Lindeboom, de útdaging oan. Sy ha it earste stik fan de tocht op woansdei 8 febrewaris al fytst. "Gelukkig hadden we er goed weer bij, dat maakte het erg mooi", seit Lindeboom.
It fytsen giet se knap ôf, mar dat komt ek om't de bakfyts in motorke hat. Brugge seit dan ek dat de measte problemen komme trochdat alles, fytse en game, tagelyk moat.
Tongersdei binne twa kollega's fan Brugge en Lindeboom op de bakfyts stapt. Sels sitte se dan yn in studio om noch wer liveferslach te dwaan by de livebylden fan harren kollega's.