Subsydzje moat it ferduorsumjen fan groepsakkommodaasjes makliker meitsje

Deputearre Fokkens yn De Feanhoop © Avine Fokkens
Op fersyk fan de sektor sels komt de provinsje mei jild oer de brêge om groepsakkommodaasjes yn Fryslân te ferduorsumjen. Yn totaal is der 540.000 euro beskikber.
Ferduorsumje is djoer, hielendal as it giet om bygelyks in grutte pleats. En yn de oernachtingssektor is dat faak it gefal. Groepsakkommodaasjes kinne it dêrom dreech hawwe om de stap nei in duorsumer bedriuw te setten. In nije regeling moat dy stap makliker meitsje. Foar elts bedriuw is der maksimaal 10.000 euro beskikber.
De provinsje hat in ynventarisaasje dien by njoggentjin akkommodaasjes om ynsjoch te krijen yn it ferlet en de hjoeddeiske maatregels. Yn Fryslân binne yn de groepsakkommodaasjes mei-inoar sa'n 11.000 bêden beskikber, dat is in grut part fan de folsleine oernachtingssektor.

Prizen omheech, fuotprint omleech

Woansdei waard it plan presintearre by groepsakkomodaasje De Veenhoop. Eigener Marije Zandstra fynt de regeling mear as wolkom: "Wy sitte yn in perioade wêryn't de gas- en elektrisiteitsprizen omheech sjitte en de CO2-fuotprint omleech moat."
Subsydzje moat it ferduorsumjen fan groepsakkommodaasjes makliker meitsje
De regeling is in ferfolch op de coronastipe dy't de sektor yn de lockdowns krige. "Wy hawwe it de ôfrûne twa jier net maklik hân, om't groepen efkes net mear mochten. Dêrom is it moai dat wy no jild brûke kinne om te ferduorsumjen."

Grutte folumes

By groepsakkommodaasjes giet it faak om grutte pleatsen, lykas yn De Feanhoop. Zandstra: "Je hawwe it oer gruttere folumes. Wy hawwe op eltse keamer in dûs en wc, dus dan moatte je gruttere boilers pleatse. Dat is net goedkeap, dêr geane tonnen yn om."
Eigener Marije Zandstra fan De Veenhoop
In groep akkommodaasjes hat dêrom by de provinsje oantrune op subsydzje, en mei resultaat. Zandstra krige woansdei fuort de oanmeldpapieren oerlange fan deputearre Avine Fokkens.