Bianca is juf en komt by de Voedselbank: "Niemand staat daar voor zijn lol"

Bianca © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Se hat in drok bestean, Bianca (38) út Dokkum. De allinnichsteande mem fan fjouwer bern wurket as juf yn Ljouwert en moat dochs noch nei de Voedselbank. It is it ferhaal fan de wurkjende earmen: te folle fertsjinje foar de measte taslaggen en temjittekommings, mar te min om fan te libjen.
Doe't Bianca in pear jier lyn skiede fan har man en yn de syktewet telâne kaam, stie har wrâld op de kop. Se kaam troch de hichte fan har lean net yn oanmerking foar taslaggen, mar koe tagelyk net mear de oppas foar har bern betelje as se har eigen iten ek noch betelje moast.
Earmoedeferhaal: Juf mei fjouwer bern
"Op papier wordt er gezegd: dit is je loon en dat is boven bijstandsniveau, dus daar moet je het van kunnen doen", fertelt se. "Maar er wordt geen rekening gehouden met het feit dat ik vier kinderen heb, dus dat de opvang er ook nog van af gaat."
Dan bliuwt der net in soad oer: "Ik hield daarna een kleine 400 euro per maand over om alles van te doen. Eten, drinken, luiers, kleren, tanken, noem het maar op. Voor vier kinderen redde ik dat niet."

Unmacht en ûnbegryp

Bianca komt yn in perioade fan ûnmacht en ûnbegryp. Want ek doe't se wer oan it wurk gong, feroare har situaasje net en joech it op guon mominten mear stress.
"Er is onlangs een loonsverhoging geweest. Als zulke dingen gebeuren, sta ik op scherp en ga ik weer rekenen, Het is mij namelijk overkomen dat ik een loonsverhoging kreeg, maar dat ik er aan het eind van de rit minder van werd omdat mijn toeslagen omlaag gingen."
Earmoed kin elkenien oerkomme. Hieltyd mear minsken meitsje gebrûk fan de Voedselbank, want rûnkomme yn dizze tiid wurdt allinnich mar lestiger. Omrop Fryslân folge dêrom juf Bianca, kraanmasinist Wietze Harm en âld-militêr Rob. Alle trijen fregen om help en hiene dêr ferskate redenen foar.
Fan tongersdei oant en mei sneon binne de reportaazjes te sjen yn it telefyzjeprogramma Fryslân Hjoed (fan 17.00 ôf mei elk oere in werhelling). En op 12 febrewaris stiet it radioprogramma Buro de Vries yn teken fan dizze ferhalen.
Bianca en har hûntsjes © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Der is dêrom ien gedachte dy't alle kearen wer nei boppen komt: "Ik denk soms dat ik beter niet kan werken. Het werk geeft mij natuurlijk wel energie en plezier, maar levert mij qua geld niks op."

Skamte

It hat in skoft duorre foardat Bianca de stap nei de Voedselbank sette. Se krijt no ien kear yn de twa wiken in itenspakket en fynt it ferskriklik om dêr yn de rige te stean. "Er zijn nog wel momenten dat ik me ervoor schaam en me er niet uit durf te spreken. Maar ik werk hard voor mijn geld en heb geen schulden, dus kan ik er niks aan doen."
Bianca is bliid dat dizze mooglikheid der foar har is. "Er zijn heel veel regelingen voor mensen die het niet goed hebben en moeilijk hebben. Ik ben blij dat die er zijn. Maar de werkende armen vallen tussen wal en schip. Ik denk dat daar nog eens goed naar gekeken moet worden. Die werken er hard voor."
Achter elk persoon die je ziet zit nog een verhaal, dus oordeel niet. Geloof me, niemand staat daar voor zijn lol.
Bianca (38), wurket as juf mar moat dochs gebrûk meitsje fan de Voedselbank
Dochs wurdt der net sa nei sjoen troch in soad minsken. Bianca krijt geregeld nuvere reaksjes. Minsken fine bygelyks dat se gjin auto ha mei: "Want als je gebruik maakt van de Voedselbank, dan kun je toch geen auto betalen", omskriuwt Bianca de gedachten fan guon. Ek se krijt opmerkingen as har bern yn merkklean omrinne, wylst se dy klean krijt fan oaren.
"Een boodschap die ik graag mee wil geven is: niets is wat het lijkt. Achter elk persoon die je ziet zit nog een verhaal, dus oordeel niet. Geloof me, niemand staat daar voor zijn lol."