FIDEO: Ljouwert ljochtet kommende dagen op foar ljochtfestival LUNA Nights

Woansdeitejûn wiene de lêste tariedings foar it LUNA Festival yn Ljouwert
Fan tongersdei ôf wurde ferskate plakken yn de binnenstêd fan Ljouwert opljochte troch ferskate ljochtkeunstners. It jierlikse festival, LUNA Nights, is oant 'e mei sneontejûn te sjen.
Der binne ljochtkeunstwurken te sjen by bygelyks it âlde ING-gebou, op it Saailân en by de Blokhúspoarte. Minsken kinne fergees by de lokaasjes del.
Yn it Stationskwartier oan de Snekertrekweg is noch in eksposysje fan jonge keunstners te sjen.