Snitser follybalfroulju mei muoite lâns Sudosa-Desto út Assen

Snitser follybalsters wûnen mei muoite © Orange Pictures
De follybalfroulju fan Friso Snits ha woansdeitejûn mei 1-3 wûn fan Sudosa-Desto út Assen. De setstannen wiene 19-25, 25-17, 21-25 en 20-25.
Hoewol't de Snitsers yn it begjin fan de wedstriid in rappe foarsprong pakten, kaam de thúsploech goed werom yn it duel. De Snitser froulju moasten hurd wurkje foar de punten en seagen dat de ploech út Assen ferrassend lang bybliuwe koe.
Mei noch ien wedstriid te gean yn de kompetysje stean de Snitser froulju no op 38 punten út 17 wedstriden. Dêrmei stean se tredde.
De bêste seis oan de ein fan de reguliere kompetysje spylje neikompetysje. By de start dêrfan kriget de nûmer ien út de kompetysje fiif punten, de nûmer twa fjouwer punten, de nûmer trije trije punten ensafh.
Yn de neikompetysje spylje de klups twa kear tsjin inoar. Ien kear út en ien kear thús. De twa teams dy't dêrnei de measte punten ha, spylje tsjin inoar om it lânskampioenskip.