Wolvegeaster winkellju meitsje plannen nei grutte brân fan augustus

Yn augustus brânden yn it sintrum fan Wolvegea twa pannen folslein út. Dy moasten sloopt wurde. Oare winkels hienen reekskea. Yntusken wurde der plannen makke, sadat de dupearre ûndernimmers wer fierder kinne.
Wolvegea wie seis moannen ferline nasjonaal nijs. Nei in grutte brân yn it sintrum oan de Hoofdstraat moasten in soad bewenners yn it sintrum harren hûs út. De brân ûntstie, wierskynlik troch koartsluting, yn in snackbar en sloech al gau út nei de winkel derneist. Beide gebouwen binne ferlern gien.
Saak kwyt
Sa rekke Barry Hofstra syn waskmasinesaak kwyt. Al binne der no wol nijbouplannen; der koe hjir net samar wer boud wurde. "Der binne meardere dupearren en gebouwen. Dat moat allegear útsocht wurde", seit Hofstra.
In heal jier nei in grutte brân yn it sintrum meitsje ûndernimmers yn Wolvegea wer plannen
"Der moat noch in muorre sloopt wurde. Dy is fan de snackbar, mar wurdt dield mei de skuonnesaak derneist. En de fundearring kin der net út oars fersakket der noch in gebou. Dat kin net de bedoeling wêze." Der is in nij bedriuwsplan, dat leit no by de gemeente en de wolstânskommisje foar beoardieling.
In soad oerlêst
Foar Wolvegea wie it in yngripende brân, want de folsleine Hoofdstraat hat foar de feilichheid in lange tiid ôfsletten west foar auto's. It slopen fan de twa pannen wie kompleks op in krappe romte. En oant it klear wie, koenen winkels deromhinne net iepen. Twa kleansaken koene pas koartlyn wer de winkel ynrjochtsje. Stank, roet en oerlêst troch it slopen fan útbaarnde pannen wie al dy moannen oanwêzich.

"Het ergste leed is op dit moment geleden", seit boargemaster Andre van de Nadort op de lokaasje fan de brân. "We staan hier nu nog wel voor een gat. Maar we zijn gelukkig wel zo ver dat de winkelstraat open is en dat de winkeliers op een andere plek zitten. Maar er moet nog wel het een en ander gebeuren."
Hofstra driuwt syn hannel yntusken op in oare lokaasje. Hy fynt it wol spitich dat er syn jubileum net fiere kin yn syn âlde winkel. "Ik soe hjir op 18 februari 25 jier sitte. Dat kin ik net yn it pân meimeitsje. Boppedat wie ik doe krekt wer werom fan fakânsje, dus ik ha net mear yn it pân west. Dat is wol tryst."
Hofstra driuwt syn hannel yntusken op in oare lokaasje. Hy fynt it wol spitich dat er syn jubileum net fiere kin yn syn âlde winkel. "Ik soe hjir op 18 februari 25 jier sitte. Dat kin ik net yn it pân meimeitsje. Boppedat wie ik doe krekt wer werom fan fakânsje, dus ik ha net mear yn it pân west. Dat is wol tryst."