Fryslân sammelet jild en guod yn foar ierdbevingsslachtoffers Turkije en Syrië

Alex Keskin fan Grou © Omrop Fryslân
Klean, tekkens, medisinen; oan alles is in gebrek yn it rampgebiet yn Turkije en Syrië. Troch de hiele provinsje binne inisjativen opstart om te helpen. Sa is ek Alex Keskin fan Grou dwaande.
Syn suske, sweager en de bern binne omkaam. Fan guon oare famyljeleden wit hy net wêr't se binne. Keskin wol helpe en dêrom sammelet hy no jild yn foar de weropbou.

Kontakt is dreech

Keskin sit thús op de bank. De telefoan yn de hân, wachtsjend op kontakt mei famylje yn it Turkske rampgebiet. As it al slagget, is it mar koart. "Soms kan ik acht seconden praten met mijn broertje", seit Keskin. Frjemd is dat net. Yn it gebiet dêr't syn famylje wennet, binne in soad huzen ynstoart.
Fryske helpaksjes foar Turkije en Syrië komme op gong
"Gister hoorde ik dat mijn zusje en haar man en kinderen onder het puin vandaan zijn gehaald. Vandaag zijn ze begraven. Een dochter heeft het overleefd. Zij ligt in het ziekenhuis."
Keskin fielt him ferslein dat hy der net by wêze kin. "Andere familieleden worden nog vermist. Die liggen waarschijnlijk onder het puin." De ferbinings binne min, diken sitte fol gatten. Dochs wol Keskin sa gau as it kin dy kant op. "Daarom zamel ik geld in. Om daar te helpen bij de wederopbouw. Mensen zijn alles kwijt. Ze slapen buiten in tenten. Er is geen elektriciteit, eten en bijna geen drinkwater."

Lemsters sammelje yn

By de elektroanikawinkel fan Volkan Yazicioglu op De Lemmer rinne de hiele dei minsken yn en út. Fia Facebook hat hy in oprop dien om guod te bringen. "Er wordt van alles gebracht", seit Yazicioglu. "Van dekens tot warme kleding, mutsen, handschoenen en ook luiers."
Hy bringt it guod nei in sintraal ynsammelpunt en fan dêrút wurdt it yn konteners nei it rampgebiet brocht. "De eerste container is gister al vanuit Heerenveen vertrokken. Vandaag gaat dit, en dat zijn zeker wel een paar auto's vol met spullen, naar Urk om dan direct op transport te gaan naar het aardbevingsgebied."

Tankber

Yazicioglu kriget it waarm fan alle help fan de Lemsters: "Het is prachtig dat mensen willen helpen en geven." Ek Alex Keskin is tankber. Hy hat yn koarte tiid al trijetûzen euro ophelle.