ChristenUnie fynt ûndersyk nei tichtslykjende fargeul It Amelân te lang duorjen

De ChristenUnie hat Keamerfragen steld oer de tichtslykjende farferbining mei It Amelân. Keamerlid Stieneke van der Graaf trunet by minister Mark Harbers fan Ynfrastruktuer en Wettersteat oan op in flugge oplossing.
De fearboaten tusken Holwert en It Amelân hawwe in fargeul nedich dy't djip en breed genôch is. De rûte sliket ticht en de sydkanten fan de fargeul binne net stabyl genôch. De farrûte stiet bot ûnder druk: Rederij Wagenborg is al oerstapt op ienrjochtingsferkear.
"De vaarroute staat al langer onder druk", seit Van der Graaf. "We willen een betrouwbare verbinding naar Ameland behouden, maar hebben nu nog geen helderheid over een pad naar een oplossing."
Dêrby is neffens de partij de beskerming fan de kwetsbere Waadnatuer fan belang. Mar it seit ek wat dat Rederij Wagenborg yntusken oerstapt is op ienrjochtingsferkear, sa tinkt de partij.
Undersyk duorret te lang
De ChristenUnie is fan betinken dat it ûndersyk nei in takomstbestindige farferbining mei it eilân te lang op him wachtsje lit. "Dat moet echt sneller. En er moet ook nagedacht worden over oplossingen in de tussentijd."
Ien fan de fragen dy't Harbers foarlein is, is wat de stân fan saken is wat it ferfolchûndersyk Bereikbaarheid Ameland 2030 oanbelanget. ChristenUnie freget him ôf watfoar alternativen der noch oer binne.
De fragen fan de ChristenUnie komme net út de loft fallen; tongersdei is der yn Den Haag wer oerlis mei it ministearje, Rykswettersteat en Wagenborg oer de fargeulproblemen.