Tresoardirekteur Dijkstra sprekt him út tsjin lieding RUG: "Ik wie persona non grata"

Arjen Dijkstra, direkteur fan Tresoar © Gerhard Taatgen
Direkteur Arjen Dijkstra fan Tresoar is bliid mei de oanstelling fan Arjen Versloot as nije heechlearaar Frysk, mar hâldt wol in "hiel akelich gefoel" oer oan de situaasje. Hy mocht him nei eigen sizzen net mear útsprekke oer de kwestje, dat docht er no wol.
Ferline jier hie Dijkstra mei wittenskippers en skriuwers yn in iepen brief fûle krityk op it belied fan de universiteit om gjin folweardige heechlearaar oan te stellen. De misje fan de groep is neffens Dijkstra slagge: "Ik bin hartstikke bliid mei Arjen Versloot en dat wy fierder kinne. Mar, en ik praat no foar mysels en net foar dy fjirtich minsken, it wie echt hiel akelich en dat is it altiten noch."
Dijkstra is kritysk oer de útspraak fan dekaan Thony Visser dy't sy woansdei die. Visser sei dat de Ryksuniversiteit Grins de druk fan bûtenôf net nedich hie om úteinlik in heechlearaar oan te stellen. Dijkstra: "Dat is hartstikke ûnsin fansels. De universiteit hoegde sels net sa nedich in heechlearaar oan te stellen en sy wiene bot fernuvere oer wat der doe barde. Der is noch altiten gjin refleksje."

Appkes

Sterker noch, neffens Dijkstra binne der appkes oan him ferstjoerd wêryn't stie dat hy him net mear útsprekke mocht oer de kwestje: "Yn dy kontekst is it dochs spannend om dy út te sprekken. Dat is echt hiel slim. Op in sneontejûn haw ik noch appkes krigen dat ik dat net dwaan mei, dat sy net mear mei my prate wolle."
De appkes komme fan âld-kollega's. Foar syn hjoeddeiske funksje wurke Dijkstra oan de RUG, hy koe de bestjoerders goed. "Ik haw in soad foar dizze minsken dien. Sy hawwe sein: 'Wy wolle net mei dy prate, mar wol mei dy groep minsken. Ik wie persona non grata. Mar ek it praten mei dy minsken, is nea bard. Ik krij in tik op de fingers as wie ik in beuker."

Frysk grutter as de Nachtwacht

Dochs fynt Dijkstra it wichtich him wol út te sprekken: "Dy hâlding moatte wy wol beneame, dêr moatte wy oan foarby en wy moatte úteinlik gearwurkje kinne. Ik bin foar net ien benaud. Dêrom moat ik dit yn it publyk sizze. Dat doch ik om te sizzen: nee, wy hawwe it hjir oer in wichtige saak, it Frysk is in grut kultuergoed, grutter as de Nachtwacht."
Ek de emearitus-heechlearaar Goffe Jensma hat neffens Dijkstra in soad te ferduorjen hân: "Wy hawwe allegear sjoen hoe't der mei Goffe Jensma omgien is. Dat is net mis, dy is echt bikkelhurd oanpakt troch syn managers oan de universiteit."
By de bestjoerders hâldt neffens Dijkstra de leafde foar it Frysk net oer: "Doe't Jouke de Vries foarsitter waard yn it bestjoer, sei er fuortendaliks tsjin my: 'do meist gjin Frysk mear mei my prate'." "Mar", seit Dijkstra, "dat betsjut net dat der by meiwurkers gjin leafde foar it Frysk is."