PvdA Noardeast-Fryslân freget spoeddebat oan om Holwert oan See

De Partij van de Arbeid sil tongersdeitejûn yn de gemeenteried fan Noardeast-Fryslân in spoeddebat oanfreegje oer Holwert oan See. Ferline wike tongersdei waard de ried ynformearre oer de stân fan saken by it miljoeneprojekt, mar dy gearkomste hat eins just foar mear betizing soarge. Dêrom wol de partij no dúdlike antwurden krije fan it kolleezje.
Dat spoeddebat soe tongersdeitejûn, nei ôfrin fan de gewoane riedsgearkomste, al holden wurde kinne. Der is nammentlik romte ynpland yn de aginda fan healwei tsienen ôf.
"Wat is hjir no eins oan de hân?", seit riedslid Gryte Schaafstal fan de PvdA. "Der wiene by it petear bêst in soad fragen fan meardere fraksjes oan it kolleezje, mar dy wurde allegear skriftlik ôfhannele. Mei it each op 22 febrewaris, as de Provinsjale Steaten in beslút nimme sille oer wol of gjin stipe foar Holwert oan See, wurdt dy beäntwurding wol hiel koart dei."
Earder die bliken dat Deputearre Steaten in negatyf advys ôfjûn hat foar finansjele stipe oan it projekt. Los dêrfan moat ek de gemeente Noardeast-Fryslân sjen oft sy it projekt finansjeel stypje wolle.
"Mist moat ferdwine"
Foar de PvdA, en ek oare partijen yn de ried, is it net dúdlik wat it kolleezje no krekt wol. "As wy no noch wat wolle as gemeente, moatte wy op in oare wize Provinsjale Steaten oan 'e mouwe lûke", seit Schaafstal.
Fierder is it ôfwachtsjen wat de Steaten beslute sille, seit de PvdA'ster. "Wy wolle de mist earst ferdwine litte, foar't wy wat sizze kinne oer de miljoenen foar Holwert oan See." Dêr seit de partij mear ynformaasje en mear tiid foar nedich te hawwen.