Fryske brânwacht skaalde ôfrûne jier twa kear sa faak op nei 'grutte' en 'tige grutte' brân

De brân yn Surhústerfean © ProNews
De Fryske brânwacht hat ferline jier twa kear safolle opskaald foar grutte en tige grutte brannen yn fergelyk mei it jier dêrfoar. Yn 2022 ha der 42 'grutte' en 'tige grutte' brannen west, wylst dit in jier earder mar tweintich wiene.
Dat docht bliken út sifers fan it Nederlands Instituut Publieke Veiligheid dy't Omrop Fryslân sammele hat.
De Veiligheidsregio Fryslân seit dat it brannen wienen mei ferskate oarsaken. It is net sa dat de brânwacht minder rap te plak wie, wêrtroch't de brannen faker út de hân rûnen en dus as grutter sjoen waarden.
In brân wurdt sjoen as 'grut' as der 3 tankautospuiten ynset wurde. As der 4 tankautospuiten ynset wurde, wurdt de brân as 'tige grut' sjoen. De ôfwaging om dizze materialen yn te setten, wurdt makke op basis fan de brânûntwikkeling en de situaasje mei de wetterwinning.
De brânwacht hat sûnt ferline jier in nije wurkwize by brannen, seit de Veiligheidsregio: "We schalen sneller op, om ervoor te zorgen dat we snel voldoende slagkracht hebben, bijvoorbeeld voor de waterwinning. Ook doen we dat als het uitbreidingsrisico groot is, bijvoorbeeld in oude woonkernen of in de natuur", fertelt adjunkt-kommandant Marinus van de Velde fan de Veiligheidsregio dêroer.

Grutte brân yn dyn omjouwing

Dizze nije wurkwize soarget der wol foar dat der foar elke brân meardere kazernes oproppen wurde. Sa barde dat dit jier ek yn Burgum. Dy kazerne hat faker belutsen west by grutte brannen.
Sjoch hjirûnder wêr't der in grutte brân wie yn dyn omjouwing:
Ploechlieder Tjeerd Joustra fan de brânwacht yn Burgum fertelt dat sy faker alarmearre binne ferline jier. "Dat wurdt faak út foarsoarch dien om foar te kommen dat it in grutte brân wurdt. Dan binne wy te plak en as se dan mear wetter nedich ha, helpe wy."
Burgum is ien fan de fjouwer kazernes dy't in dompelpomp ha. Mei dy pomp kinne se makliker wetter winne út bygelyks in sleat om in brân te blussen. "Dy brûke we omdat der te min wetter is út in gewoane wetterlieding. Mei de pomp kinne we wol oant 4.000 liter de minút ferpleatse."
In brân yn Ie © RTV NOF
Echte gefolgen hat dizze nije wurkwize net foar de post yn Burgum. Wol moatte se faker útride, seit Joustra: "De personiele besetting kinne we wol garandearje, mar wy kinne altyd minsken brûke."
De brânwacht skaalde ferline jier twa kear faker op nei 'grutte brân' as it jier dêrfoar
Neist grutte brannen is it totaal oantal ynsidinten dêr't de brânwacht foar oproppen waard ek flink tanaam. Der wienen sa'n fjouwerhûndert ynsidinten mear. Yn 2022 wiene der hast 4.200 ynsidinten, wylst dit der in jier earder goed 3.800 wiene.
De Veiligheidsregio Fryslân seit dat it bygelyks drok wie mei de stoarm Eunice yn febrewaris. "We zien over de gehele linie dat het druk is geweest met allerlei verschillende typen incidenten, maar vooral meldingen van een brand zijn de oorzaak van het gestegen aantal meldingen."

Brân by boerenprotesten

It giet dan benammen om brannen yn wenningen, buorkerijen en bedriuwen. Mar yn 2022 kamen der ek meldingen fan brannen by de boereprotesten, skoarstienbrannen en brannen feroarsake troch pelletkachels. Yn totaal wiene der hast sechstjinhûndert brannen yn Fryslân ferline jier. Yn 2021 wiene dit der trettjinhûndert.
De gemeenten dêr't it tal ynsetten fan brânwacht it meast omheech gien is, binne Skiermûntseach en Opsterlân. Op it eilân ha trije kwart mear ynsidinten west yn fergeliking mei in jier dêrfoar. Yn Opsterlân gong it oantal ynsidinten mei de helte omheech. Fan 150 ynsidinten yn 2021 nei 220 yn 2022.
Sjoch hjirûnder nei hoefolle ynsidinten der wiene yn dyn gemeente: