Minister Harbers tinkt nei oer sensoaren yn tunnels nei oanlieding fan problemen A7

Minister Mark Harbers fan Ynfrastruktuer en Wettersteat wol sjen nei it pleatsen fan sensoaren yn tunnels. Oanlieding foar it ferkennen fan dat idee binne de problemen dy't yn desimber oan it ljocht kamen yn de Prinses Margriettunnel yn de A7.
It giet om sensoaren dy't no al yn guon brêgen sitte. Sy kinne in 'voorwaarschuwing' jaan as der wat mei de brêge is. It systeem wurdt noch net ynset by tunnels, mar dy opsje wol de minister no wol besjen, sa lit er witte yn in brief mei antwurden op Keamerfragen fan it CDA.
Ferlykbere tunnel
Yn 2018 hat Rykswettersteat de Heinenoordtunnel by Rotterdam ûndersocht. Dizze tunnel hat neffens de minister in wat ferlykbere konstruksje as de tunnel by Twellingea. Dêr foldienen doedestiids alle ankers dy't ûndersocht binne oan de stelde noarmen. Der waard dus net útgongen fan in "significante faalkans", skriuwt Harbers.
Dochs ûntstienen der dus problemen mei de Prinses Margriettunnel. It is neffens Harbers wichtich dat der ûndersyk dien wurdt nei de oarsaak, pas dan kinne der konklúzjes lutsen wurde.
Oare ynspeksjewize
It is dan ek te betiid om te stellen dat de hjoeddeiske ynspeksjewize oars moat. Op dit stuit rinne meiwurkers fan Rykswettersteat troch in tunnel hinne om te sjen oft der drompels ûntstien binne dy't tsjutte kinne op loslittende dielen.
Heechlearaar ûndergrûnsk bouwe Wout Broere fan de TU Delft sei earder tsjin de NOS dat dizze wize fan ynspektearjen net foldwaande is. Hy pleitet foar in útwreide ynspeksje, wêrby't de tunnelankers bleatlein wurde. It soe betsjutte dat it weidek en it beton fuorthelle wurde moat.
Harbers wol net foarútrinne op it ynfieren fan sa'n útwreide ynspeksje. "Of de uitgebreide manier van inspectie moet plaatsvinden, is afhankelijk van de oorzaak van het faalmechanisme bij de Prinses Margriettunnel", skriuwt hy.