HEA! De handige houtkappers
HEA! De Houtkleauwers
Sjoerd van der Lune en Bert Keizer meie graach houthakje. Se helje it út de bosk fan Feankleaster. Mar omdat de mannen der net jonger op wurde en de beamstammen net lichter, ha se wat handige helpmiddels útfûn.
Sa hat Sjoerd de kroade mei help fan in fytsbatterij elektrysk makke, hy rydt no hast fansels. En fan in âld scootmobyl ha de mannen it stjoer omdraaid en der in laadbak foar set. No hoege se net mear mei it swiere hout te sjouwen. En sa komt der hiel wat hout út de bosk, op nei de kachel.