Douwe Egberts-personiel wol stake foar lean, fakbûnen fiele har bûtenspul set

Meiwurkers fan Jacobs Douwe Egberts op De Jouwer meitsje har klear foar in staking. Al sûnt novimber wurdt der tusken it kofje- en teebedriuw en de fakbûnen ûnderhannele oer in nije cao, mar de partijen wurde it net iens.
De nije cao hie dit jier al yngean moatten, dêrom leit der no in ultimatum. As Douwe Egberts foar freedtemiddei 12.00 oere net ynstimt mei de easken, dan folgje der aksjes. Dat soe betsjutte dat de fabriken op De Jouwer en yn Utrecht plat komme te lizzen.
Mear lean, dêr draait it om
Op ferskate punten is wol oerienstimming fûn, mar net op it lean. De fakbûnen easkje in strukturele leansferheging fan acht persint plus hûndert euro foar eltse moanne, wylst it bedriuw net fierder wol as seis persint plus 500 euro foar ien kear.
De meiwurkers wolle lykols in ferbettering fan har keapkrêft. Dy romte is der neffens CNV Vakmensen. "Wij vinden een loonsverhoging urgenter dan ooit. Wij zien dat medewerkers moeite hebben om rond te komen en aan de andere kant zien we dat Douwe Egberts over de gehele linie goede winst maakt", seit Nyske Boelens, bestjoerder by CNV Vakmensen.

"Op deze manier wordt de rekening van alle crises puur en alleen bij de werknemers neergelegd. Dat vinden ze niet fair", sa seit Boelens.
'Fakbûnen bûtenspul set'
CNV is net te sprekken oer it hanneljen fan JDE nei it dellizzen fan it einbod. Doe't de meiwurkers dat ôfwiisden, hat it bedriuw ynformeel en om de fakbûnen hinne in krekt wat ferbettere ferzje by de wurknimmers dellein. Dêrmei hawwe sy besocht de fakbûnen bûtenspul te setten, seit CNV. Dêrby soe de 'nedige druk' op de goed 2.100 meiwurkers útoefene wêze.
Boelens is not amused. "Dat is op zijn zachtst gezegd niet zo netjes." Mar it hat gjin effekt hân, jout sy ek oan. "Sterker nog; het heeft de actiebereidheid alleen maar vergroot." As JDE foar freed net ynstimt, lizze de leden it wurk del. "Maar laten we hopen dat het niet nodig is."