Arjen Versloot oansteld as ynterim-heechlearaar Frysk yn Grins

Prof. dr. Arjen Versloot © Universiteit van Amsterdam / Jeroen Oerlemans
De Ryksuniversiteit Grins hat prof. dr. Arjen Versloot oansteld as ynterim-heechlearaar Fryske taal en kultuer. Hy folget dêrmei Goffe Jensma op. Dy gong yn oktober mei emeritaat.
De universiteit beneamde earder al in universitêr dosint Fryske taal en kultuer, dr. Anne Merkuur. Merkuur soe yn de takomst heechlearaar wurde kinne.
Dekaan Thony Visser sei doedestiids dat se gjin geskikte gadingmakker fine koe. Dat sjocht âld-heechlearaar Goffe Jensma oars: "Dit lit sjen dat der wol in goede kandidaat wie."
Jensma, DINGtiid, kommissaris Brok en minister fan Ynlânske Saken Hanke Bruins-Slot lieten harren earder al kritysk út oer dizze konstruksje. De provinsje Fryslân en it Ryk betelje mei oan de universitêre oplieding Frysk yn Grins.
De Twadde Keamer stimde ferline jier mei 149 stimmen fan de 150 foar in moasje om in heechlearaar Frysk oan te stellen.

Frisistyk

De universiteit seit wiis te wêzen mei de komst van Versloot oan de RUG en dat dêrmei de Frisistyk wer op heechlearaarnivo ynfolle wurdt.
Fryske flagge by Ryksuniversiteit Grins © Shutterstock
Deputearre Sietske Poepjes stiet efter de beneaming: "Mei syn oanstelling ha wy wer in kundige heechlearaar Frysk oan de RUG." Versloot is oansteld foar twa dagen yn de wike, foar in perioade fan yn prinsipe fiif jier. Dêrmei soe der genôch tiid wêze moatte foar de werving fan in oare heechlearaar, dy't oer in pear jier plak ha sil.
Versloot is sûnt 2012 heechlearaar Germaanske taalwittenskip oan de Universiteit fan Amsterdam.

Druk

De druk op de universiteit fan ferskate oerheden hat neffens Visser gjin rol spile by it beslút om Arjen Versloot oan te lûken as ynterim-heechlearaar yn dieltiid. "Dy druk hie ik net nedich. Wy hiene dit al foar de kryst besletten, mar we moasten doe noch wol prate mei de Universiteit van Amsterdam, dêr't Versloot wurket, en dat hie even tiid nedich."
Versloot hat sels noch gjin ferlet fan in wiidweidige reaksje. "Ik sil no earst mar ris oan de slach. Ik praat jimme graach wer in kear by as ik ek echt wat dien haw yn dizze nije funksje!"
Ferslachjouwer Onno Falkena yn petear mei decaan Thony Visser fan de RUG