Tûzenen busritten útfallen yn Fryslân it ôfrûne jier, benammen troch stakings

Der binne yn 2022 tûzenen bussen mear útfallen as de jierren dêrfoar. Neffens de provinsje hie iepenbier ferfierder Arriva it útfal yn de measte gefallen foarkomme kinnen.
De sifers binne op in rige set troch de provinsje, dat de konsesje oan Arriva jûn hat. Yn 2022 foelen yn Fryslân 5.492 bussen út. Tûzenen mear as de jierren dêrfoar.
Neffens de provinsje wie de útfal yn 80 persint fan de gefallen 'ferwytber', dat wol sizze dat it Arriva oan te rekkenjen falt. Fan ferwytbere útfal is bygelyks sprake as it giet om stakingen, in stikkene bus of in tekoart oan personiel. It ôfrûne jier moasten 2.700 busritten skrast wurde fanwegen stakingen.
Yn 20 persint fan de gefallen gie it om 'net ferwytbere' útfal. Dan is der oermacht. Bygelyks troch in brêge dy't stikken is of in halte dy't net te berikken is.
Op it spoar koe Arriva der minder faak wat oan dwaan. By 36 persint fan it útfal wie der sprake fan oermacht. Al mei al foelen der yn de provinsje 2.211 treinen út.
Foaral tusken Ljouwert en Grins gie it faak mis. Dêr ried 1.125 kear in trein net. Ek reizgers tusken Ljouwert en Harns wachten geregeld op neat.
Der riden wol mear treinen as yn 2021, mar dat jier, mei 3.400 miste ritten, is in útsjitter te neamen. Yn 2019 en 2020 foelen twatûzen treinen minder út.