Aukje van Kuiken sjocht wallball wol sitten op Sint Maarten

Aukje van Kuiken © Omrop Fryslân
Sport hat altyd al in grutte rol spile yn it libben fan Aukje van Kuiken. Hikke en tein yn Wierum en Kollumerpomp wie it earst benammen it keatsen dat har leafde foar de sport oanfjurre. Mar letter ek it reedriden en de sport yn it algemien. It brocht har úteinlik nei it waarme eilân Sint Maarten, dêr't se op dit stuit wurket as gymnastyk learaar.
Wa't wat bekend is yn de Fryske sport kin de namme Aukje van Kuiken miskien bekend foarkomme. De sportfanaat waard yn 2012 Keninginne op de PC. It wie in logysk gefolch fan in jeugd dy't yn it teken stie fan sport, en fan keatsen yn it bysûnder.
Op dit stuit is dêr lykwols net folle mear fan te merken, no't se oan de oare kant fan de wrâld op Sint Maarten wennet. "Ik fyn it eins wol jammer, want ik mis de teamsport", sa fertelt Van Kuiken. "Dêrnjonken wol ik altyd graach winne en ik mis de struktuer fan in teamsport. Mar spitigernôch haw ik dat hjir nea weromfine kind."
Aukje hie yn Kollum in entûsjaste gymlearaar, dy't by har it flamke oanfjurre om ek sels yn de sport har wurk te finen. Wat folge wie in oplieding oan de ALO en in bysûndere staazje yn Vancouver. "Ik haw de staazje sels opset, fia kontakten yn Vancouver. Sa kaam ik foar myn staazje op basisskoallen en middelbere skoallen dêr yn Kanada."

Olympyske Spelen

Mar dat wie net it iennige, want op itselde momint as har staazje wiene dêr ek de Olympyske Spelen. Van Kuiken mocht ûnder oare helpe by de medaljeseremoanjes en de blommeseremoanjes. By de foarige Olympyske Spelen hiene de sporters oanjûn dat se te min begelieding hiene, en dat waard yn Vancouver oplost mei ditsoarte frijwilligers.

Van Kuiken hat goeie oantinkens oan it evenemint, mar de sporter dy't der foar har útspringt is Annette Gerritsen: "Mei har hie ik de measte ynteraksje. Dy frege ek nei my, dat ferwûndere my. Se wie hiel attint!"
Aukje van Kuiken © Omrop Fryslân
By thúskomst wie se benaud dat se yn Nederlân hingjen bliuwe soe. Yn 2016 kaam dan de ideale kâns: in freondinne liet har in fakatuere sjen foar gymnastyklearaar op Sint Maarten.
Mei twa koffers stapte se op it fleantúch, en se hat nea wer weromsjoen: "It befalt hjir hiel goed. Sa as oeral binne hjir plussen en minnen. Ik haw bygelyks lytse klassen, dus myn groepen binne nea grutter as 20 studinten. Yn Nederlân wie ik wend oan 30 learlingen as mear. En ik krij hjir alle frijheid, yn Nederlân wurkest mear in team en wit elk wat de oare docht, mar dat is hjir net sa."
Yn de rubryk Operaasje Fryske Flagge ha we kontakt mei Friezen oer de hiele wrâld. Trije jier lyn begûn Omrop Fryslân mei dizze kampanje, om in emoticon fan in Fryske flagge op de telefoan te krijen. Dy liket der foarearst net te kommen, om't it nije bedriuw dat WhatsApp oernimt, pas in flagge makket as in lân ûnôfhinklik wurdt en erkend wurdt troch de ISO.
Dochs binne der noch genôch ferhalen te fertellen: Friezen sitte oeral op de wrâld. Wat driuwt se en hokker aventoeren meitsje se mei?
Van Kuiken fûn net allinnich mar wurk op it Karibyske eilân; se moete hjir ek har oansteande man Abel. Hy komt út Grinslân, dus sels op tûzenen kilometers fan hûs koene de noarderlingen inoar fine. Yntusken hat it stel twa bern, en sille se ynkoarten trouwe. "Ik bin ferloofd yn Panama, en myn oansteande hat my dêr frege. Yn 2020 en 2021 binne myn bern berne: Yme en Syb."
Mei in keatstopper op it eilân is de logyske fraach oft Van Kuiken de sport ek op Sint Maarten bringe sil. Sels sjocht se dat noch net sa ien twa gebeuren: "Ik tink earder wallball."
De skoalle fan Van Kuiken hat dêr wol romte foar, en it past better. Dêrnjonken is de sportive motoryk yn de coronatiid hurd efterút gien, sa sjocht se. De bern hawwe al muoite mei follybal, dus dan sil it keatsen al hielendal dreech wurde.