De toan fan Froukje Sijtsma: "Alde meuk yn in nij jaske"

Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"As ferslachjouwer fan tv-programma HEA! kom ik gauris by minsken mei bysûndere samlingen oer de flier. Lêst wie ik op besite by Gjalt Pilat út Twizel.
De measte Friezen kenne him as meubelûntwerper fan strakke en minimalistyske meubels. Op de grutte souder boppe syn showroom hat er in kolleksje mei Frysk erfgoed útstald. Geweldich om te sjen hoe't ien leafde fielt foar it nije en it âlde.
De toan fan Froukje Sijtsma
Al mear as fyftich jier sparret hy keramyk en bysûndere houten gebrûksfoarwerpen, dy't beskildere of foarsjoen binne fan houtsnijwurk, bygelyks tsjerkestoofkes of houten skoaltaskes.
Pilat is in sjogger. Hy mei graach observearje en hat each foar detail. Hy fynt it prachtich as er yn houtsnijwurk in namme of in jiertal ûntdekt. It foarwerp krijt sa foar him noch mear betsjutting.
Sels bin ik gjin samler, mar ik mei wol graach op rommelmerken omstrune. Allinnich al foar it ferrassingseffekt fan wat je soms tsjinkomme. Sa haw ik yn myn keuken no in knalgiele emalje bôletromp stean. En foar de sier in molkebuske yn deselde kleur en trije rôze emalje krûdebuskes.
Ik fyn it moai om it âlderwetsk guod, út de tiid fan myn pakes en beppes, mei in modern ynterieur te kombinearjen.
Ik kin ek bliid wurde as ik wat unyks fyn. Sa kocht ik fia Marktplaats in hiel eigenaardich okerkleurich trompke. Yn in ovale foarm, dy't ik eins noch nea earder sjoen hie. Op de chat krige ik in praatsje mei de ferkeapster, út it suden fan it lân. It trompke hie fan har beppe út Grinslân west. Se hie it jierren bewarre en woe no opromje, mar wie wakker bliid dat it trompke no werom gie nei it noarden.
Gjalt Pilat en ik hienen it der efkes oer. Dat just dy anekdoaten de foarwerpen ta libben bringe. Lyksa mei myn âlde typmasine. Ik hie al langer de winsk om ien te keapjen, as pronkstik yn de keamer. Doe't ik ris oer de antykmerk yn Ljouwert rûn, seach ik him stean: in knap ûnderholden swart klassike typmasine fan it merk Continental. Ik wie fuort fereale.
It is in moai symboal foar myn wurk as ferhalemakker, mar ek foar it frije wurd. Krekt doe't ik oan de ferkeaper oan it swearen wie hoefolle oanslaggen de minút ik earder op typles makke, kaam it berjocht binnen dat der in oanslach dien wie op misdiedferslachjouwer Peter R. de Vries.
It wurd oanslach krige ynienen in hiel oare betsjutting. It is net it iennichste ferhaal fan myn typmasine, mar wol in bysûnder oantinken fan de oankeap.
Sa haw ik bygelyks ek gjin idee wat de âlde houten skoalkast, dy't ik yn de wenkeamer stean haw, allegear belibbe hat. Dochs fertelt er in ferhaal. Ik haw him trouwens grien spuitsje litten. Skande? Gjalt Pilat fynt fan net.
De 17e-iuwske Fryske keeftkast út syn samling wie generaasjes lang yn besit fan deselde famylje, yn de 19e iuw paste de eigener him oan nei eigen smaak. Mar dat jout neat, seit Pilat. It wurdt ommers brûkt.
En mei smaak hat it soms ek neat te krijen. Sa haw ik in glêzen stolpke stean fan myn oerbeppe. Net perfoarst moai, mar wol geweldich dat it nei al dy jierren noch yn de famylje is, en dat âld en nij op in bysûndere wize byinoar komme."