Nijbou yn Easterwâlde leit stil troch ferkearde roailinen

De Nanningaweg en de Wrongel yn Easterwâlde © Google Street View
De nijbou fan njoggen huzen yn Easterwâlde leit foarearst stil. It giet om nijbou oan de Nanningawei en de Wrongel.
Gemeente Eaststellingwerf hat in fergunning ofjûn, mar it die bliken dat dy yn striid is mei de regels fan it bestimmingsplan. De roailinen soene net goed wêze, dus de grins tusken de iepenbiere dyk en it oanlizzende eigendom.
In omwenner hie in klacht yntsjinne, wêrnei't in advyskommisje oardiele hat dat de klacht mei rjocht is. De omjouwingfergunning foar de bou dy't ferline jier yn de simmer jûn is, is no wegere en de proseduere moat op 'e nij.
It is foarearst ûndúdlik wannear't it projekt wer fierder kin.