Gjin Arriva-treinen yn Fryslân en Grinslân, part fan de bussen rydt wol

Der ride gjin Arriva-treinen yn Fryslân en Grinslân op dizze tredde stakingsdei. Fan de bussen rydt fjirtich prosint wol.
It ferfiersbedriuw lit witte dat it moarns noch besocht hat om in "passende treindienstregeling" te meitsjen mei meiwurkers dy't net meidogge mei de staking. Dat is net slagge. Moandei en tiisdei slagge dat noch wol.
Gjin ferfangend ferfier
Der is ek gjin treinferfangend ferfier, lit it bedriuw witte. Krekt minder as de helte fan de bussen rydt woansdei wol. Reizgers moatte dêrom lykas earder rekken hâlde mei útfal fan bussen, seit Arriva. Sy krije it advys om op de reisplanners te sjen, dy wurde hieltyd bywurke. Buertbussen ride wol yn alle regio's.
Stakingen
Ferline wike hawwe trije fakbûnen yn it streekferfier harren leden oproppen om de hiele wike fan 6 febrewaris oant en mei 10 febrewaris it wurk del te lizzen. It is noch net dúdlik wat it effekt dêrfan op de tsjinstregeling fan tongersdei en freed wêze sil.