Rianne Helmus jout blokfluitles: 'It is gjin opstapke, mar in folweardich ynstrumint'

Rianne Helmus jout blokfluitles oan Maria © RTV NOF
De blokfluit is in folweardich en profesjoneel ynstrumint. Dat is wat dosinte Rianne Helmus har learlingen meijout. "De measte minsken kenne it as begjinnersynstrumint, der binne net in soad dy't echt trochsette."
Helmus is yntusken sa'n trije jier wurksum as blokfluitdosinte foar muzykskoalle De Wâldsang. Se is ek de iennige blokfluitdosinte fan de muzykskoalle. "Der binne net in soad dosinten dy't it blokfluitsjen hjir yn de regio op heech nivo jouwe."
Moandeitemiddei jout se ûnder oare blokfluitles yn Hurdegaryp en Damwâld. Maria Hilverda fan Hurdegaryp is ien fan har learlingen. "Wy gongen mei ús famylje allegear op muzykles", fertelt Maria. "Ik woe graach blokfluit leare, dat fyn ik leuk."
Rianne Helmus jout les oan sa'n 25 learlingen op ferskate plakken. Dat binne benammen bern, mar der sitte ek in pear folwoeksenen tusken.
Dochs liket it derop dat bern tsjintwurdich minder gau kieze foar muzykles. "Der is in soad wat bern dwaan kinne. Eartiids yn de doarpen koest fuotbalje of by de fanfare, dat is no wol oars. Mar der binne gelokkich noch in soad âlden dy't it wol belangryk fine. Do hast der foar dyn hiele libben wat oan."

Gjin opstapke

Dat guon minsken de blokfluit as opstapke nei in oare ynstrumint sjogge, is neffens Helmus seker net oan de oarder. "It komt hiel krekt wêr't je de fingers delsette. It is in ynstrumint dat in soad 'fijne' motoryk freget. Sa maklik is it net."