Van Hooijdonk sjit sc Hearrenfean nei kwartfinale KNVB-beker

Sydney van Hooijdonk © Orange Pictures
Sportklup Hearrenfean hat him pleatst foar de kwartfinale fan de KNVB-beker. Hearrenfean hie it seker net maklik mei earstedivyzjonist NAC Breda, mar de Friezen wûnen wol troch twa doelpunten fan Sydney van Hooijdonk (1-2).
Hearrenfean spile mei in ferrassende basisopstelling. Sa krigen Joost van Aken, Rami Kaib, Rami Al Hajj en Ché Nunnely de kâns it fan de ôftraap ôf sjen te litten. Mats Köhlert, dy't gewoanwei as linksback spilet, stie yn de oanfal.
Opstelling sc Hearrenfean: Mous; Van Ewijk, Bruma, Van Aken, Kaib; Olsson, Haye, Al Hajj; Nunnely, Van Hooijdonk en Köhlert.
Nei in heale minút wie der al in grutte kâns foar de thúsploech. Aimé Omgba krige in frije kopkâns op in pear meter fan de goal, mar de kopbal wie te slop en bedarre rjocht yn de hannen fan doelman Xavier Mous.

Boere set NAC op foarsprong

Hearrenfean krige syn earste kâns yn de tsiende minút. Al Hajj dribbele it strafskopgebiet yn en profitearre fan it útglydzjen fan in NAC-ferdigener. It skot fan de middenfjilder einige lykwols yn it sydnet.
Stipe troch it fanatike publyk wie it NAC dat it bettere fan it spul hie yn de begjinfaze. Yn de 16e minút krigen se dêrfoar de beleanning. Elías Már Ómarsson sette Van Aken simpel oan de kant en krige de bal by Javier Vet. It skot fan Vet waard noch keard troch Mous, mar yn de rebound bedarre de bal by Tom Boere. De âld-Cambuurspits hie gjin muoite om de bal yn it lege doel te deponearjen.
Al Hajj ferliest in duel fan Ómarsson © Orange Pictures
Hearrenfean sette dêr yn de earste helte net in soad tsjinoer. Dochs sochten de ploegen mei in likense stân de klaaikeamers op. In lûpsuvere foarset fan Kaib waard yn de goal rûn troch Sydney van Hooijdonk, dy't syn earste minuten yn it betelle fuotbal makke by NAC Breda. De spits jubele dêrom bedêst.

Van Hooijdonk docht it wer

Nei it skoft kaam Hearrenfean op foarsprong. Milan van Ewijk spile syn tsjinstanner út en lei de bal foar op Van Hooijdonk. De spits skeat de bal fan tichteby kalm tsjin de touwen: 1-2.
Hearrenfean hie de wedstriid yn de twadde helte wat mear ûnder kontrôle en fia Nunnely wienen de Friezen tichteby de 1-3. Syn skot gie lykwols foardel.
Sydney van Hooijdonk © Orange Pictures
Yn de slotfaze gie NAC wat opportunistysker spylje. In foarset fan Jarchinio Antonia (ek âld-Cambuur) kaam by Ómarsson terjochte. Dy naam de bal yn ien kear op de slof, mar de ynset einige rjocht yn de hannen fan Mous.
Oan de oare kant lei der in protte romte foar Hearrenfean om de wedstriid te beslikken. Mar oanfallend waard faak de ferkearde kar makke. Sa bleau it spannend oant it lêst, mar doelpunten foelen der net mear.
Sa hat Hearrenfean him pleatst foar de kwartfinale fan it bekertoernoai. De lotting foar dy ronde hat takom sneon plak.