Klaske ferhuze út Himmelum nei Ljouwert om't de bussen dêr net mear ride

"Ik kom út Himmelum, mar wenje yn Ljouwert no. Fanwege it iepenbier ferfier." Dat hat Klaske Smid dúdlik makke by de provinsje, mei it oerlangjen fan 1.134 hantekeningen tsjin it útklaaien fan it busferfier yn it súdwesten fan de provinsje.
De hantekeningen binne sammele foar in petysje fan in boargerinisjatyf, opset troch bewenners fan de regio mei stipe fan pleatslike belangen fan Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren.
Kostet tefolle jild
Mei de nije buskonsesje binne de busferbiningen min wurden, benammen jûns nei 18.30 oere en op snein binne der problemen. Deputearre Avine Fokkens hat de petysje yn ûntfangst naam, mar sei fuortendaalks dat sy net folle betsjutte kin. It kostet tefolle jild. Boppedat spylje de problemen yn mear regio's.
Ien fan de yntsjinners dy't mei Fokkens yn petear gie, wie Klaske Smid. Sy ferhuze nei de stêd om't it reizgjen nei Himmelum net goed mooglik mear wie.

"De bussen foelen út en dêrtroch hie ik gjin ferfier. Ik sit sels yn de teäterwrâld. Dus ik doch in soad mei repetysjes, dat wie foar my net mear helber. Ik koe jûns net mear nei hûs, dat is hiel ferfelend", leit sy út.
Studinten
"It is eins wol ferskriklik, mar it is wol sa", fersuchtet de studinte. "Je fernimme it om je hinne, je hearre it fan oare studinten. Ik haw dan de mooglikheid om hjir hinne te ferhúzjen, mar der binne ek genôch dy't dat net kinne. Dan sitte je mei âlden dy't hinne en wer moatte of oare minsken dy't ynskeakele wurde moatte."
Klaske koe earst noch in skoft terjochte in pear kilometer fierderop, oant ek dy tsjinstregeling weifoel. "Doe koe ik neat mear", seit sy. "Ik fyn it ûnakseptabel."

Dat de provinsje der neat oan docht, dêr is Klaske min oer te sprekken. "Dat is wol ferskriklik dat sy dat sizze. Want do fielst dy dochs wat yn in hoekje treaun."
Himmelum net mear oantreklik foar jongelju
Foar jonge minsken wurdt in doarp as Himmelum der net oantrekliker op. "Absolút net. It is sawiesa in lyts doarp, dan moatte der wol mooglikheden wêze", seit Klaske.
Sy fielde har beheind yn har âlderlik doarp. "Dat is skande, hielendal op ús leeftiid moatte je gewoan in feestje pakke kinne, of op jûntiid noch mei freondinnen wat dwaan kinne. Dat wurdt no tsjinholden." Ek net eltsenien hat in rydbewiis of auto.
En dat, seit sy, wylst it yn de stêd hiel oars is. "Ik ûnderfyn it no sels. Ik wenje yn Ljouwert, dêr't de bus om de fiif minuten giet. It is super maklik. Ik betink dat ik nei de stêd wol en it kin. Mar fan Himmelum nei Ljouwert, dat kostet tefolle jild."

Nettsjinsteande alle hantekeningen is de kâns dus lyts dat Klaske of oare studinten ynkoarten letter op de jûn wer mei de bus nei Himmelum reizgje kinne. De problemen spylje yn de hiele provinsje, ûnder oare yn it noard- en súdeasten libbet der ûnfrede oer de beskikberens fan bussen.
Klaske Smid fertelt har ferhaal