Lang om let is it dúdlik: nij swimbad De Welle yn Drachten komt der

Ympresje fan it nije swimbad © Hooper Architects
It nije swimbad De Welle yn Drachten komt der lang om let. Nei in jierrenlang proses is der yn in drok besochte riedsgearkomste in klap op jûn.
Dat koe eins ek net oars. Fierder útstel soe in soad ekstra kosten opsmite en de gemeente rint dan it risiko om 10 miljoen euro subsydzje fan de provinsje mis te rinnen. De Welle is no al ien fan de djoerste projekten ea foar de gemeente Smellingerlân. Dêrneist is it âlde swimbad oan ferfanging ta. Foar in oantal partijen is it beslút in kar út earmoed: It minst ûngeunstige beslút. Allinnich de ELP en Smallingerlands Belang stimden tsjin.
Dat de diskusje oer De Welle spilet, is wol dúdlik. De publike tribunes sieten grôtfol, sa fol dat der stuollen út alle hoeken komme moasten sadat eltsenien sitte koe. It wienen benammen belanghawwenden dy't yn de seal sieten. Sa wienen der wetterpoloërs, dy't mei de wetterpolomûtse op de gearkomste folgen.
It wie drok op de publike tribune © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Al earder op de dei waard dúdlik dat der in mearderheid foar de nijbou wêze soe. Guon partijen wiene aktyf op social media om út te lizzen wêrom't se yn dit gefoelige dossier foar de plannen stimden.
Sa lei de PvdA út dat sy tinke dat de kosten relatyf tafalle. De gemeente freget 44 miljoen euro, wat delkomt op 1,8 miljoen euro de jier op in jierbegrutting fan 210 miljoen. Dat is te oersjen, seit de partij.
Nij swimbad De Welle yn Drachten komt der no dochs echt
By oare partijen wienen der ek wol soargen, lykas by it CDA: "Met dit besluit nemen we een besluit dat impact heeft op de gemeentefinanciën van de komende 50 jaar", skreau de partij.

Krityk op ELP

Der siet noch wat fjoer yn de sturt fan it debat. De SP helle earder al út nei opposysjepartij ELP, dy't bot tsjin de plannen is. Neffens de SP hat de ELP de boel fertrage. Yn it foarige kolleezje siet de ELP yn de koälysje. Doe hawwe se de plannen op 'e nij tsjin it ljocht hâlden. Dat hat neffens de SP in soad jild koste. De SP is net de iennige partij dy't nei de ôfrûne koälysjeperioade wiisde.
Hadden we niet vier jaar lopen dralen, dan lagen we nu al in het zwembad.
Sebastiaan Roelofs fan de ChristenUnie
Sa sei Durk Oosterhof fan de FNP: "Gûchelje mei sifers, lykas sizze dat it swimbad safolle euro de persoan yn de gemeente kostje soe, is in goedkeape wize fan populisme. Want as je de folsleine gemeentebegrutting ferdiele soenen oer alle ynwenners, moat eltsenien 4.000 euro de jier bydrage. Sa wurket dat net."
Sebastiaan Roelofs fan de CU stelde: "Hadden wij als gemeente niet 4 jaar lopen dralen over een locatie, dan hadden we nu al in het zwembad gelegen." D66: "We moeten nu in 2023 niet 'huilie huilie' doen dat het zwembad extra kost."

Unkunde, rankune en leagens

Yntze de Vries fan de ELP reagearre der lilk op: "We zijn bijzonder goed meegenomen in het proces. Maar is dit niet een debat voor de bühne? Wordt er niet weer een groot project opgetuigd dat is gebouwd op financieel drijfzand?"
De Vries spruts fan ûnkunde, rankune en leagens en helle út nei âld-koälysjegenoat PvdA. Ta lilkens fan D66 en CDA, dy't fine dat dit soart wurden net kinne yn it debat. PvdA'er Pieters makke dat neat út: "Wij nemen de opmerkingen van de heer De Vries met een korreltje zout, that's it."
It wienen de lêste losse flodders yn in langrinnend dossier. No kin it projekt lang om let definityf trochgean. Dat soarge foar ferromming by it grutste part fan de ried, mar ek by wethâlder Pieter van der Zwan. Hy kin no dwaande mei de útfiering. Foar it gefolch docht er noch in tasizzing: "We houden u op de hoogte."
It swimbad is nei alle gedachten ein 2024 klear.