Aldehaske hat noed oer ferkearssituaasje yn it doarp: "120 op een stuk van 30"

Simon Waley út Aldehaske © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Der binne grutte soargen yn Aldehaske oer de ferkearssituaasje yn it doarp. Der wurdt fierstente hurd riden en dêrtroch is it ûnfeilich.
"Kijk, dat gaat nog maar net goed," seit Simon Waley fan de wurkgroep ferkearsfeiligens yn Aldehaske. Hy stiet yn it sintrum fan it doarp op in T-splitsing. Ut alle rjochtingen wei komt ferkear: fytsers, fuotgongers, auto's en frachtweinen ride op de splitsing ôf.
Meardere frachtweinen brûke de stoepe om't sy de bocht net helje kinne. "Het is een zogeheten 'shared space', maar het wordt eigenlijk te druk. Vooral in de vroege ochtend wanneer de kinderen naar school fietsen. Dat baart wel zorgen."
Der is grutte ferkearsdrokte yn Aldehaske
It doarp hat sels in wurkgroep ferkearsfeiligens oprjochte om de situaasje yn de gaten te hâlden. Sy ha sels matriksbuorden pleatst om te mjitten hoe hurd der op de dyk riden wurdt. Der stiet in boerd yn it sintrum en in boerd oan de Badweg, de bûtenkant fan it doarp.
"Daar schrik je echt van. Vooral op de Badweg ging het hard. Er is een parkeerplaats voor recreatiegebied de Nannewiid en dus mag je er maar 30. Het komt erop neer dat de gemiddelde snelheid 50 geweest is, met uitschieters van 100 en een exces van 129. Dat is gewoon levensgevaarlijk."

"Der moat in oplossing komme"

Gemeente De Fryske Marren seit dwaande te wêzen mei de ferkearssituaasje. "Wy erkenne dat der te hurd riden wurdt", seit wethâlder Irona Groeneveld. "Dêr binne wy nei oan it sjen, mar der moat fansels wol jild foar wêze. De gemeenteried giet dêroer."
"Wy ha 50 doarpen en ien stêd", giet Groeneveld fierder. "736 kilometer diken yn ús gemeente. Mar it is wol sa dat de fytsoerstek yn Aldehaske prioriteit krigen hat. Dat is te gefaarlik en dêr wolle wy ynkoarten mei de wurkgroep nei sjen. Wat it krekt wurde sil, is noch net wis, mar der moat in oplossing komme."