Enoarme baggerput Ljouwert set útein: slyk wurdt út it Nieuwe Kanaal helle

It wetter fan it Nieuwe Kanaal moat wer op 2,30 meter brocht wurde © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
In enoarme baggerput set de kommende tiid útein yn it sintrum fan Ljouwert. In healjier lang wurdt it slyk fuorthelle út it Nieuwe Kanaal. De lêste kear dat dêr baggere waard, wie yn alle gefallen foar 1964.
It Nieuwe Kanaal leit oan de Emmakade, tusken it suvelfabryk fan FrieslandCampina en de Blokhúspoarte. It wetter moat wer op in djipte fan 2,30 meter brocht wurde. Foar de bewenners fan sechstich wenboaten dy't yn it kanaal lizze, betsjut dat flinke oerlêst: sy moatte om beurten romte meitsje en krije in tydlik lisplak.
Ek foar it ferkear wurdt der oerlêst ferwachte: de brêgen yn de omjouwing sille faker iepen moatte om al it slyk ôf te fieren. As der baggere wurdt, dan is de Earste Kanaalsbrêge fan 9.00 oant 16.00 oere ticht. Om it slyk te ferfieren mei grutte skippen moat de Twadde Kanaalsbrêge folle faker iepen. Dat sil lykwols bûten de spits wêze.
It Nieuwe Kanaal by de Earste Kanaalsbrêge © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De Vereniging Schippers te Leeuwarden frege al langer om it baggerjen. De wenskippen yn it Nieuwe Kanaal kinne net mear goed manoeuvrearje. Ek ha se lêst fan de weagen fan boatsjes dy't del farre. "In skip sit by it kearen mei de kop en de kont yn de blabber. Ferline jier wie der sels in kuolbuis fan in motor fol bagger rûn. Der wie gelokkich gjin skea, mar dat kin dus wol barre", fertelt Herre Haarsma fan de feriening.

Logistike operaasje

De skipsbewenners moatte romte meitsje foar de baggerskippen. "Dat wurdt in grutte logistike operaasje. Ek ûnder de skippen moat baggere wurde, wêrtroch't de skippen dus fuort moatte. Der binne fjouwer oare lisplakken beskikber steld mei de byhearrende foarsjenningen dêr't de minsken tydlik wenje kinne."
Herre Haarsma fan de Vereniging Schippers Leeuwarden © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
It is de earste kear der baggere wurdt yn it Nieuw Kanaal "Dat hat te krijen mei de befarberens", sa seit Meile Postma, projektlieder by de gemeente Ljouwert. "It kanaal rint dea by de Prins Hendrikbrêge. Der is wol besletten om it Nieuwe Kanaal oant de fabriken te baggerjen, omdat dêr de yndustry leit."
Meile Postma, projektlieder fan de gemeente Ljouwert © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
It slyk is fersmoarge en kin dus net opnij brûkt wurde. "Je kinne it eins allinnich noch mar ûnder wetter yn in depot sette. De oannimmer hat sein dat dit slyk nei it depot IJsseloog giet. Dat depot leit yn it Ketelmeer en dêr wurdt it foar ivich ûnder wetter opslein", seit Postma.
Trochdat der noch net earder baggere is, bestiet der in kâns dat der eksplosiven út de Twadde Wrâldoarloch yn it Nieuw Kanaal lizze. Al is dy kâns lyts. "We ha hjir ûndersyk nei dien en der binne noch gegevens út Ingelân opfrege, mar dêr is útkaam dat der wol bommen om it kanaal hinne fallen binne, mar dat de kâns lyts is dat der bommen yn it kanaal lizze."
It Nieuwe Kanaal wurdt útbaggere
It kanaal wie eartiids fan ekonomysk libbensbelang foar de stêd en foar bedriuwen as de Condens, Koopmans moalfabriek en it blikfabryk. De izeren Earste- en Twadde Kanaalsbrêge foarmen de poarte nei de binnenstêd fan Ljouwert.
Tsjinwurdich is it Nieuwe Kanaal as ferbining mei it Van Harinxmakanaal noch hieltyd wichtich foar ûnder oare Royal Koopmans Meelfabrieken en FrieslandCampina. It diel dat de stêd yn giet, is benammen foar de rekreaasjefeart fan belang.