Wolfje helpt bern te praten oer echtskiedingen

Hûn Wolfje © Omrop Fryslân
Foar de twadde kear begjint tiisdei in praatgroep foar bern fan skieden âlders. Dat bart yn terapeutysk gesinshûs Wolfert in Context yn Drachten. Jochem siet mei syn suske yn de earste praatgroep. Oer de skieding fan syn âlders prate mei oare bern en Wolfje hawwe him goed dien.
Wolfje rint fuort nei Jochem ta as er binnen stapt op de boarterssouder fan de jeugdsoarchoanbieder. Krekt foar it ynterview springt er by Jochem op skoat en begjint Jochem te glimkjen. It makket him bliid, seit er.
Dat is wat de terapyhûn, in labradoodle, docht, leit groepslieder Jildau van den Berg út. Kontakt meitsje mei de bern, spanning fuort nimme, de hûn bringt in hiele noflike sfear mei har mei.

Spegeljend gedrach

Kollega Jorn Kuiper follet oan: "Wolfje kin ek it gedrach fan bern spegelje. As ien te drok is, rint se bygelyks fuort. Sa kin de hûn de bern helpe." De bedoeling is om op meardere plakken de Wolfjesgroep oan te bieden.
It idee is basearre op KIES, Kind In Echt Scheiding. Dan prate bern ek mei-inoar oer de skieding, dat is dan op har eigen skoalle.
Hûntsje helpt bern te praten oer de skieding

Skuld

Bern tinke faak dat se de ienigen binne dy't har sa fiele, sa witte de groepslieders. Bern prate faak net mei de eigen âlders oer harren fertriet, pine of gemis. Want se sjogge dat heit of mem it al dreech genôch hat mei it eigen fertriet.
Of se wolle loyaal wêze nei beide. Hoe dan ek, in skieding betsjut in grutte feroaring. Fan ien nei twa huzen. Somtiden nei in oare skoalle, kontakt ferlieze mei famylje, in styfâlder mei oare bern.
Jorn fertelt dat se bern benammen meijaan wolle dat sy gjin skuld hawwe oan de skieding. Dat is wat bern faak tinke. Jildau seit dat se de bern ek stimulearje om der wol mei heit en mem deroer te praten, en ek mei neisten, en freontsjes.

Foar altyd hâlde fan

It ferhaal dwaan kinne is foar in soad bern faak ek al genôch. Je hoege en kinne ek net altyd mei oplossings komme, fertelt Jorn. Mar dat de bern erkend wurde yn har eigen pine en fertriet helpt.
Jochem praat no mear oerde skieding, foaral mei syn suske. En, hoe dreech er it ek finen bliuwt dat heit en mem nea wer byinoar komme, hy beseft ien ding no hiel goed: "Je heit en mem bliuwe altyd fan je hâlden."
By it ôfskied krûpe Jochem en syn suske Wolfje noch flinke oan. Foar helpferlieners Jildau en Jorn is Wolfje ek in noflike kollega: se is altyd bliid as je op kantoar komme, seit Jildau. En komt ek by je as je in dreech petear hân hawwe, fertelt Jorn. Dêr wurdt Jorn dan ek wer rêstich fan.