Soargen yn Fryslân om slachtoffers ierdbeving Turkije en Syrië

Mariam Kas Barsoum © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De klap fan de ierdbevingen yn Turkije en Syrië dreunt ek nei by minsken út de Turkske en Syryske mienskip yn Fryslân. Se sitte bot yn noed oer famylje dy't yn it rampgebiet wennet.
It deadetal fan de ierdbevingen dy't Turkije en Syrië ôfrûne snein troffen, is yntusken oprûn nei mear as 7.000 en de ferwachting is dat dit noch fierder oprinne sil. De earste nacht nei de ramp hawwe in soad minsken bûten of yn harren auto slept, om't se benaud binne foar nije ierdbevingen. Dat wylst it ek yn Turkije en Syrië no winter is.
It troffen gebiet is grut en der wenje miljoenen minsken. Benammen yn Syrië wienen de omstannichheden troch oarloch al min. No komt der in ierdbeving oerhinne. Kontakt mei it rampgebiet is hast net mooglik.
Soargen yn Fryslân om slachtoffers ierdbeving
Mariam Kas Barsoum kaam acht jier lyn fan Syrië nei Nederlân en hat yntusken mei har man in Arabyske supermerk yn Boalsert. In part fan har famylje wennet noch hieltyd yn de Syryske stêd Aleppo. Nei in sliepeleaze nacht fol soargen krijt se berjocht út de miljoenestêd.
"Om zes uur hoorden wij via-via dat het goed gaat met mijn ouders en dat hun flat nog staat. Maar iedereen is buiten. Het is koud, het regent. Iedereen is bang en huilt en weet niet wat er nog gaat komen. En hulp is moeilijk, want het is een groot gebied."
Koerdyske kleanmakkers fan King yn Ljouwert hawwe soargen © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
By kleanreparaasjesaak King yn Ljouwert krije de Koerdyske kleanmakkers in hiel lyts bytsje ynformaasje oer de earste nacht nei de ramp. "Ik heb zelf geen familie in het gebied, maar mijn collega heeft veel familie in Syrisch Koerdistan", fertelt eigener Saäd Ramazan Ali.

Fan ramp nei ramp

De man praat gjin Nederlânsk, mar Ramazan fertaalt it antwurd op de fraach hoe't it mei dy famylje giet. "Hij heeft zijn broer kunnen bereiken en die zegt dat ze drie dagen niet binnen kunnen zijn. Dat is niet veilig."
Dy broer en harren heit binne slachtoffers wurden fan geweld troch it rezjym fan Assad (de presidint fan Syrië, red.). Dêrom koenen se earder net flechtsje en no oerkomt harren in ramp. "Wij maken ons hele grote zorgen om hen. Zijn vader is oud en ziek en ook zijn broer is psychisch slachtoffer door mishandelingen."
Yntusken komme der hjir ferskillende helpaksjes op gong. Der is in gironûmer iepene en ûnder oaren moskeeën hâlde ynsammelaksjes.