Campus Fryslân hat nije dekaan: Caspar van den Berg

Professor Caspar van den Berg is de nije dekaan fan Campus Fryslân, de fakulteit fan de Ryksuniversiteit Grins yn Ljouwert. Hy folget professor Andrej Zwitter op, dy't op 1 febrewaris nei fjouwer-en-in-heal jier ophold.
Van den Berg is beneamd foar in ynterimperioade oant 1 jannewaris 2024. Hy wie sûnt 2017 al as heechlearaar Global and Local Governance ferbûn oan Campus Fryslân.
Dêrnjonken is Van den Berg sûnt 2022 lid fan de Earste Keamer.
Hy is bliid mei syn beneaming as dekaan. "De afgelopen jaren heeft de faculteit al een sterke positie opgebouwd met haar onderwijs en onderzoek, in de regio en in de academische wereld. Ik zie het als een prachtige opdracht om sturing te geven aan de volgende fase van de ontwikkeling van deze campus.''