Ferkearde tiid, ferkearde plak: plysje fynt 20 gram speed by tsjûge fan stekpartij

© Shutterstock.com
In 56-jierrige Ljouwerter waard ferline jier maaie troch de plysje previntyf fûillearre om't er tsjûge wie fan in stekpartij. Dat kaam de man min út: hy hie 20 gram speed by him. It komt him op ien dei sel en in wurkstraf fan 80 oeren te stean.
De stekpartij hie plak op de jûn fan 21 maaie, by de Sixmabrêge, yn de buert fan de Skrâns. Hjirby rekke in 31-jierrige Ljouwerter ferwûne. Twa stedsgenoaten (25 en 45 jier) waarden oppakt.

Eigen gebrûk

De fertochte waard as tsjûge fan de stekpartij previntyf fûillearre. Doe kaam oan it ljocht dat er mear as 20 gram speed yn 'e bûse hie. De Ljouwerter sei tsjin de plysje dat it foar eigen gebrûk wie. Hy hat ADHD en soe rêstich wurde fan de speed.
Syn advokate seit dat har kliïnt speed nedich hat om funksjonearje te kinnen. De man hat oan heroïne en kokaïne ferslave west en soe no ek dwaande wêze om fan speed ôf te kommen.

Wurkstraf hân

De Ljouwerter hat koartlyn in wurkstraf hân en mei dêrom offisjeel net wer in alternative straf krije. De advokate seit lykwols mei klam dat in finzenisstraf in tebekfal betsjutte kinne soe. Dochs besleat de rjochter him ien dei sel op te lizzen, plus in wurkstraf fan 80 oeren.