Socht: baaskes foar 80 laboratoarium beagles mei in gebrûksoanwizing

Ien fan de beagles © Stichting Hulp en Herplaatsing Huisdieren
De Stichting Hulp en Herplaatsing Huisdieren út Ljouwert siket plak foar sa'n tachtich beagles. De hûntsjes binne tusken de fjouwer moanne en acht jier âld en se komme út laboratoaria. Dêr binne proeven op har dien.
De stichting krijt wol faker de fraach om bisten út de wittenskiplike testwrâld in nij plakje te jaan, mar 80 hûnen yn ien kear is wol bysûnder. Ed Pols fan de stichting tinkt dat it te krijen hat mei harren wurk fan de ôfrûne jierren. "Binnen de laboratoriumwereld wordt het steeds bekender dat wij goed werk leveren met het herplaatsen van dieren, dus het is eigenlijk een gevolg van het succes."

Gebrûksoanwizing

Beagles binne fan orizjine jachthûnen fan sa'n 30 oant 40 sintimeter grut. Se binne oer it algemien freonlik fan karakter en net agressyf of skruten. Mar by dizze 80 hûntsjes kin dat wat oars lizze. "De honden zijn op zich heel gezond, alleen ze hebben in hun opgroeien veel contact met mensen gemist, dat een normale huishond leert als hij een puppy is."
Socht: baaskes foar tachtich beagles
Hjirtroch binne de beagles fan de stichting wat eangstich foar minsken, en dat soarget der foar dat net elkenien yn oanmerking komt foar sa'n hûntsje. "We stellen best veel eisen, omdat we willen dat het wel in één keer goed gaat."
Ien fan de beagles © Stichting Hulp en Herplaatsing Huisdieren
De basis om in eks-laboratoarium hûn te krijen is in soad geduld, sa leit Pols út. Se hawwe in goeie begelieding nedich, en húshâldens mei jonge bern falle sawiesa ôf. Bern kinne nammentlik hiel ferrassend reagearje, en dat matcht net mei in hûn dy't eangstich is.

Lang proses

Minsken dy't oan dizze earste easken foldogge, kinne in mail stjoere nei de stichting. "Je krijgt dan informatie toegestuurd, en een vragenlijst, en op basis daarvan krijg je een telefoongesprek. En pas daarna beslissen we of het goed is dat je een hondje toegewezen krijgt."
Dat klinkt as in lang en wiidweidich proses, mar it is nedich foar in goed resultaat. "Wij doen dit werk al 24 jaar, en zo langzamerhand zijn die procedures goed aangescherpt zodat de plaatsing meteen succesvol is."