HEA! Skoalhûn Yarah helpt by lêzen en rekkenjen

HEA! Yarah de hûn
Yn Twizelerheide rint geregeld in grutte swarte hûn troch de klassen fan ibs It Twaspan. It is skoalhûn Yarah. De bouvier helpt de bern by rekkenjen, lêzen en it trainen fan sosjale feardichheden.
Yarah is de hûn fan juf Froukje Hiemstra-De Haan. Sy hat Yarah traind om te helpen op skoalle. Yarah kin rekkenspultsjes dwaan, lústeret en jout rêst by it (foar)lêzen en se leart de bern dúdlik te kommunisearjen. Mar de hûn is ek in rêstpunt foar de bern, dêr't se wolris even lekker mei krûpe kinne.