Bedrige Pim Lammers krijt stipe fan Fryske skriuwers: "Oanslach op it frije wurd"

Pim Lammers © ANP
Auteur Pim Lammers, hikke en tein yn Easterwâlde, luts him sneon werom as skriuwer fan it Berneboekewikegedicht. Hy krige bedrigingen fanwegen in ferhaal fan syn hân út 2015. Dat gie oer in relaasje tusken in jonge en syn trainer. Fryske literêre kopstikken kieze de kant fan Lammers.
It koarte ferhaal fan Lammers ferskynde doetiids yn in literêr tydskrift. It kaam koartlyn wer boppedriuwen doe't bekend waard dat de auteur it gedicht foar de Berneboekewike foar syn rekken nimme soe.
Lammers krige dêrnei tal fan bedrigingen. Dêrneist sette kristlike aksjegroep 'Gezin in Gevaar' in petysje op omdat Lammers in 'pedofile skriuwer' wêze soe, en Twadde Keamerlid Wybren van Haga kaam tot de konklúzje dat de skriuwer bernemisbrûk ferhearliket.
Njonken bekende skriuwers as Roxane van Iperen en Heleen van Royen, stean ek Fryske literêre kopstikken efter Pim Lammers. Under wa Johan Veenstra. Hy is in streekgenoat fan Lammers en skreau romans, ferhalen en dichtbondels yn it Stellingwerfsk.
Der barre dingen yn in ferhaal dêr't je as skriuwer net efter steane.
Johan Veenstra, skriuwer
Veenstra ken Lammers persoanlik. Hy sette fan him it boek 'Het lammetje dat een varken is' oer, nei it Stellingwerfsk. "Ik lies krekt yn 'e krante wat der bard is. Grousum fyn ik it. Wat bedrigingen oanbelanget liket der gjin inkelde rem mear te wêzen", seit Veenstra, dy't de oanlieding absurd fynt.
"Hoe komme se derby dat it ferhearlikjen fan pedofily is? Der barre dingen yn in ferhaal dêr't je as skriuwer net efter steane." It foarmet no ien kear in ûnderdiel fan it libben, jout er oan. "En as skriuwer bringst dat foar it fuotljocht."
Johan Veenstra © Omrop Fryslân, Willem de Vries
Hy nimt syn eigen boeken as foarbyld. "As ik dwaande bin mei in misdieroman, dan lit ik dêryn minsken fermoardzje. Dat bart spitigernôch yn de wrâld. Dat fertale je dêrnei as skriuwer nei papier. It betsjut fansels net dat ik it prima fyn dat minsken elkoar om it libben bringe. Sterker, yn in roman lit ik it somtiden mei pine yn myn hert gebeure, omdat ik dy persoan sa aardich fûn."

Witte hoe'tst wat lêze moatst

In oanslach op it frije wurd. Sa kwalifisearret Tialda Hoogeveen de bedrigingen oan it adres fan Lammers. "Keunst en literatuer kinst allinnich kreëarje yn komplete frijheid." Hoogeveen is Berneboeke-ambassadeur. Se fynt krekt as Veenstra dat literatuer skjirje kinne moat. Elk tema fertsjinnet romte, seit se.
"Je wurde meinommen nei in wrâld dy't net dines is. Dêryn komt net it stânpunt fan de skriuwer nei foaren. It is oan dy as lêzer om der wat by te tinken of wat fan te finen."
Neffens har is literatuer net rjocht út rjocht oan. Mar bestiet it út lagen. "Je moatte dêrom wol witte hoe't je it ta je nimme. Hoe'tst lêst." It breklike lês- en taalnivo yn Nederlân helpt dêr neffens har net by.
Ast inoar net yn de eagen oansjochst, witst net hoe't in bedriging by de oar oankomt.
Tialda Hoogeveen, Berneboeke-ambassadeur
Ek yn berneboeken moatte alle ûnderwerpen oan bod komme kinne, fynt de ambassadeur. "Bern kinne dat oan. Oft it no giet oer flechtlingen of oer transgenders. It giet derom hoe'tst it boadskip bringst."
Se nimt 'Het lammetje dat een varken is' as foarbyld. Dêrby krijt it laam in krul yn 'e sturt fan 'e feedokter omdat er him mear baarch fielt. "Prachtich hoe't je dat ynterpretearje kinne. "
Tialda Hoogeveen © ANP
Lykas Veenstra makket Hoogeveen har soargen om it skynbere gemak wêrmei't guon in oar oanfalle of bedriigje. "It bart anonym, op ôfstân. Je sjogge inoar dus noait yn de eagen. Dêrom tink ik dat in soad fan ditsoarte minsken net witte hoe't sa'n bedriging by in oar oankomt. Boppedat: as je fine dat in saak net troch de bûgel kin, lit it dan oer oan it rjochtssysteem."

Skriuwers beskermje

"We fine it yn alle gefallen freeslik foar Pim. Hooplik kin it CPNB yn de takomst sjen hoe't je skriuwers beskermje kinne tsjin populisten en oare minsken dy't driigje fia social media", seit Hoogeveen, dy't hopet dat der gau in kentering komt. "As sjoernalisten en politisy aanst foarsortearje oft se fanwege bedrigingen wol of net publisearje, dan binne wy net op de goede wei."
Ik bin benijd hoefolle bedrigers it stik fan Lammers lêzen hawwe.
Ernst Bruinsma, útjouwer Afûk
Ernst Bruinsma, útjouwer by Afûk, hearde it nijs ek skodholjend oan. "Wy libje yn in ûnferdraachsume wrâld. Dy bedrigingen hearre dêr blykber by." Bruinsma hat it idee dat de feitekennis gauris ûntbrekt. "Ik bin benijd hoefolle minsken dy't Lammers bedriigje ek echt syn stik lêzen hawwe. En dochs wurdt er ôfservearre en moat er dit mei him meidrage."

Begryp foar beslút

En dat sil net maklik wêze, tinkt Bruinsma. Hy begrypt dêrom ek dat Lammers de pinne dellein hat. "Miskien is it net prinsipieel, en soene guon skriuwers de rêch rjocht hâlde, mar ik jou it dy te dwaan. Ik snap dat er seit: dit is it my net wurdich."
Ek pleitet er derfoar om nei sa'n ynsidint efkes ôfstân te nimmen. Dat is goed foar it debat, fynt Bruinsma. De emoasje soe oars noch te grut wêze, wêrtroch't in soad minsken te graach in punt meitsje wolle. Kontemplearje, en dêrnei op in kalme, lykwichtige toan it debat fiere, opperet Bruinsma.

Oprjochte soargen bedrigers

"Jou dêrby yn dit gefal ek de groep de romte dy't tsjin it ferhaal fan Lammers is. Dy kinne je net fuortsette as bisten. Nee, dat binne nei alle gedachten minsken dy't echt besoarge binne. Freegje dêrom wêr't him dat yn sit", seit Bruinsma. "Ast harren fan harren stânpunt helje wolst, dan moatst earst goed lústerje."