Iepenjen akwadukt yn A7 jout ferromming yn omkriten: "It is in hiele ferbettering sa"

It akwadukt by Twellingea is wer iepen foar ferkear © Kappers Media
It akwadukt yn de A7 by Snits is sûnt moandei wer foar in part te brûken. It iepenjen hie al direkt effekt: it soarget foar minder ferkearsdruk op omlizzende rûtes, ta bliidskip fan doarpsbelang Top en Twel en ûndernimmers út de omkriten.
"It wie yn de spits direkt in stik rêstiger as de dagen dêrfoar", seit Luuk Westert fan doarpsbelang. Hy is tige wiis mei it iepengean fan de A7 tusken Snits en De Jouwer. Ek al is de tunnel mar foar in part iepen. "It jout dochs in stik ferromming op de diken om de doarpen hinne."
Westert fertelt dat it sluten fan it akwadukt grutte oerlêst ta gefolch hie foar de omlizzende doarpen. "De oerlêst wie behoarlik, it wie gewoan hiel drok."

Frachtweinen

Yn beide rjochtingen is op de A7 no ien rydstripe beskikber foar al it ferkear. Der mei maksimaal 50 km yn 'e oere riden wurde.
De stripen binne trije meter breed en dêrmei minder geunstich foar breed ferkear. Dochs tinkt Westert dat ek frachtferkear de A7 de foarkar jaan sil. "Ik ha begrepen dat it moai trochrydt. Foar frachtweinen is dat moai, want tusken Toppenhuzen en De Jouwer hast in rotonde en twa of trije kear in stopljocht."
Neffens Christien Lycklama a Nijeholt, direkteur fan transportbedriuw Hoekstra út Snits, kin hast al it ferkear der goed del. "Echt breed transport wurdt dreech, mar it oare transport kin der del. It is in hiele ferbettering sa."
"Wy binne der hiel bliid mei", seit Lycklama a Nijeholt. "Wy binne ek wol ris kritysk as bedriuwen, dus it is ek goed om ris in komplimint te meitsjen oan minister Harbers, dy't dit hiel serieus nommen hat. Dat jildt ek foar deputearre Avine Fokkens en ús wethâlder Michel Rietman."

Ferkearsfeiligens

"De ferkearsfeiligens fine wy de grutste ferbettering. Yn de doarpen wie it bytiden dreech om alles feilich ferrinne te litten mei tsjinlizzend ferkear. No hoege wy net mear troch de doarpen."
"De blydskip is der no foaral", seit Lycklama a Nijeholt. "Mar wy bliuwe wol kritysk wat in oplossing op lange termyn oanbelanget."