Tennisfjild Aldebiltsyl is op: "Ballen komme net mear omheech"

Anneke van der Woude fan tennisferiening D'Ouwe Rij © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Om it jild foar in nij en feilich tennisfjild te sammeljen, hat Tennisferiening d'Ouwe Rij yn Aldebiltsyl in sponsoraksje útset. Elk kin foar in tientsje de kante meter bydrage oan in nij tennisfjild.
De tritich jier âlde banen hawwe gefaarlike gatten en loslittende linen en de ballen stuiterje der ek net goed. Se hawwe der in minne reputaasje fan krigen by de oare tennisklups, seit Anneke van der Woude fan de feriening.
Tennisfjild Aldebiltsyl is op
"De bal komt net mear omheech. As we guon fan oare klups te spyljen hawwe, dan klage dy 'steen en been' oer de ballen. Se stuitsje fuort en der is gjin peil op te lûken hoe't de bal it docht." Se krigen der de bynamme 't Sielige baantsy' troch.
Banen lizze der suterich by © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
In nij fjild moat it tennisjen yn it doarp, ek by de bern, wer in takomst jaan. "De skoalle kin der bygelyks in gymnastykles op jaan, dat koe foarhinne net", seit Van der Woude. "Sa kinne we eltsenien waarm meitsje foar de sport."
De sponsoraksje hat nei in moanne trije fan de tsientûzen euro opbrocht. Der is yn totaal 75.000 euro nedich, dat fierder fan fûnsen, leden en banken komt. Yn maart wol Tennisferiening d'Ouwe Rij begjinne mei it fuortgraven fan de âlde banen.