Ljouwerter (22) swierferwûne nei oanriding troch auto op It Hearrenfean

De helptsjinsten op it plak fan it ûngelok © ProNews Producties
By in oanriding op in yndustryterrein op It Hearrenfean is in 22-jierrige man út Ljouwert swierferwûne rekke. De fuotgonger waard oanriden troch in auto.
It ûngelok barde om likernôch 21.30 oere op de Venus. De fuotgonger is mei spoed nei it sikehûs ta brocht, meldt de plysje.
De ôfdieling Forensische Opsporing Verkeer fan de plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok. De dyk is foar in part ticht.