Deputearre oer natuerregels op farrûte nei It Amelân: "Dweilen met de kraan open"

De polityk is oan set by it oplossen fan de problemen mei de fargeul nei It Amelân. Sintrale fraach: wat is belangriker, natuer of berikberheid fan it eilân?
De boaten fan rederij Wagenborg tusken Holwert en It Amelân ha in fargeul nedich dy't djip en breed genôch is. De rûte sliket ticht en de sydkanten fan de fargeul binne net stabyl genôch. De farrûte stiet bot ûnder druk: Wagenborg is al oerstapt op ienrjochtingsferkear.
Direkteur Ger van Langen fan de rederij sei moandei al dat it in 'ôfwaging tusken ekonomy en ekology' is en dat de polityk dêr in dúdlik antwurd op jaan moat.
Dat antwurd sil dan benammen út Den Haag komme moatte, seit deputearre Avine Fokkens. "Want het Rijk is de concessieverlener. Maar dat laat onverlet dat wij hier als provincie wel wat van vinden."

Want de tsjinstregeling is op it stuit net betrouber en dat docht wat mei de leefberheid fan it eilân. Dit wykein en moandei waarden ferskate ôffearten skrast, omdat de rederij net feilich troch de geul farre kin.
Om de rûte sa begeanber mooglik te hâlden, wurdt der baggere: it sân fan de fargeul wurdt nei in oar plak brocht. "Er wordt bijna 24/7 gebaggerd in de vaargeul", seit Fokkens. "Maar je bent daarbij wel gebonden aan bepaalde natuurwetgeving."
Als iemand dan naar de rechter stapt, heb je gelijk weer een probleem..
Dy wetten skriuwe bygelyks foar dat de bagger yn it Waadgebiet bliuwe moat. "Daarom is het eigenlijk dweilen met de kraan open", neffens de deputearre.
En de natuerwetten negearje kin ek net samar, ek al soe de polityk it miskien wolle. "Als iemand dan naar de rechter stapt, heb je gelijk weer een probleem."
Fokkens stiet net allinnich. Se krijt bygelyks stipe út de Keamer: fan PvdA'er Habtamu de Hoop bygelyks, dy't fragen stelle sil oan ferantwurdlik minister Mark Harbers. "Elke steun uit de Kamer is meer dan welkom", seit se.
"Amelanders weten dondersgoed hoe het werkt"
"Wat is belangrijker: dat het leefbaar blijft op de eilanden of de natuurwetgeving", freget de deputearre har ôf. En it antwurd? "De burgemeester van Ameland formuleerde het laatst terecht: men kan in Den Haag niet van alles bedenken op het vlak van natuurwetgeving, terwijl de Amelanders zelf dondersgoed weten hoe het werkt, ook qua natuur."