Draafsporter lilk om boete foar brûken swipe: "Toekomst van de sport is in gevaar"

Hynsteman Jeroen Offeringa © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Hynsteman Jeroen Offeringa is lilk en ferbjustere oer de boete fan 200 euro dy't er dit wykein krige by in wedstriid op de draafbaan yn Wolvegea. Offeringa brûkte syn swipe om it hynder oan te stjoeren, wylst dat net mear mei.
It wie de earste boete dy't útskreaun waard yn de draafsport. Sûnt begjin dit jier is it ferbean om de swipe te brûken om in hynder oan te spoaren. De swipe mei allinnich noch mar brûkt wurde om it hynder te korrizjearjen as de feiligens fan minske of dier yn gefaar is.
Offeringa brûkte syn swipe dus wol om it bist oan te spoaren en de race út te riden. "Dat er regels zijn, snap ik", begjint Jeroen Offeringa syn ferhaal. "Maar de hele sport wordt nu kapot gemaakt. Het verschil gaat echt nergens meer over. Je mag je zweep eigenlijk niet meer gebruiken en dat komt de sport niet ten goede. De toekomst is in gevaar."
Drafsport lilk om earste boete mei swipe
Yn de draafsport wurdt ferdield reagearre op de nije regel. Der is al jierren diskusje oer de swipe. Tsjinstanners sizze dat it sneu foar de hynders is. De Stichting Nederlandse Draf- en Rensport (SNDR) hat begjin dit jier de swipe foar it grutste part skrast.
"We hadden al hele strenge regels, maar we zagen toch dat pikeurs nog steeds de zweep gebruikten", seit SNDR-foarsitter Paul Mulder. "Je hoort steeds meer geluiden dat de zweep niet nodig is en dat paarden op een andere manier zijn aan te sturen."

Mooglik swipe hielendal skrasse

De stichting hie dêrom besletten dat de stipe allinnich noch yn guon gefallen brûkt wurde mei. "Als de veiligheid van mens en dier in het geding is. Dat was zaterdag bij de race van Jeroen niet het geval. Die gaf een tik om het paard harder te laten lopen." Mulder seit dat de stichting deroer neitinkt yn de takomst de swipe hielendal te skrassen.
By de draafbaan binne de mieningen ferdield. "Ik denk dat je altijd een zweep nodig hebt om het paard in het gareel te kunnen houden", seit Hans Sinnige fan de draafbaan. "Als een paard op hol slaat, moet je die kunnen temmen. Ik ben benieuwd hoe het in de toekomst komt, maar ik hoop dat de zweep blijft."