Sikeboech Hearrenfean rekket foller, Van Wonderen moat puzelje tsjin NAC

Hearrenfeantrainer Kees van Wonderen © Orange Pictures
Hearrenfean mist tiisdei yn de bekerwedstriid tsjin NAC Breda njonken Andries Noppert en Sven van Beek ek Pelle van Amersfoort. Trainer Kees van Wonderen ferwachtet dat er Van Amersfoort wol in pear wiken kwyt is.
Thom Haye en Jeffrey Bruma foelen ek blessearre út yn de wedstriid fan ôfrûne sneon tsjin FC Utrecht, mar sy kinne beiden meidwaan yn it duel yn de achtste finale fan de KNVB-beker.
Bruma hie de pink út de kom, mar hat neat brutsen en sil dêrom mei in spalk spylje. Haye foel krekt foar de ein út en nei in tik op 'e kaak, mar hy trainde moandei folslein mei. Hy kin dêrom ek gewoan spylje tsjin syn âlde klup.
Kees van Wonderen oer de bekerwedstriid tsjin NAC Breda
Kees van Wonderen wol noch neat sizze oer syn basisalve yn Breda. Troch it fuortfallen fan Van Amersfoort moat er in oar kieze foar de 'tsienposysje'.
Hy kin dat op ferskate wizen oplosse. "We hebben dat een aantal wedstrijden met Rami Al Hajj gedaan. Hij is bij ons eigenlijk de echte tien, een ander type dan Van Amersfoort. Hij is de meest logische keuze."
Osame Sahraoui en Ché Nunnely foelen tsjin FC Utrecht yn. Mooglik steane se tsjin NAC yn de basis. "De kans is wel aanwezig dat we met één of met beiden gaan beginnen. Ze zijn nu al een stap verder. Dan kun je dat ook wat opbouwen, al moeten we ook rekening houden met een verlenging."
De bekerwedstriid tusken NAC Breda en sc Hearrenfean set tiisdeitejûn om 21.00 oere útein. It duel is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma op de radio. It kommentaar komt fan ferslachjouwer Roelof de Vries.