Reina Anema en Myrthe de Boer meie nei wrâldbeker yn Poalen

Reina Anema © Orange Pictures
Reedrydsters Reina Anema en Myrthe de Boer binne selektearre foar de wrâldbekerwedstriden yn Poalen fan kommend wykein. Sy profitearje fan ôfmeldingen fan Antoinette Rijpma-de Jong en Irene Schouten.
Rijpma-de Jong en Schouten binne twa fan de riders dy't mei it each op de WK ôfstannen (begjin maart yn Thialf) in oar programma ôfwurkje wolle. Dêrom mei Anema yn it Poalske Tomaszów Mazowiecki de 1.500 en 3.000 meter ride, De Boer de 1.500.
Myrthe de Boer © Orange Pictures
By de manlju hat Jorrit Bergsma him ek ôfmeld. Lex Dijkstra profitearret dêrfan, dy mei no starte op de 5.000 meter yn Poalen.
Der steane yn totaal seis Friezen oan de start op de ferskate ôfstannen kommend wykein. Dat binne allegear froulju: Femke Kok (500 en 1.000 meter), Michelle de Jong (500 en 1.000 meter), Marrit Fledderus (500 en 1.000 meter), Marijke Groenewoud (1.500 en 3.000 meter en massastart), Reina Anema (1.500 en 3.000 meter), Myrthe de Boer (1.500 meter).
De riders bliuwe twa wiken yn Poalen, want fan 17 oant en mei 19 febrewaris binne dêr wer wrâldbekerwedstriden. De seleksje dêrfoar wurdt op 13 febrewaris bekend.